LêsNo is in jierliks lêsbefoarderingsprojekt wêrby’t earsteklassers fergees in Frysk boek krije. Dat boek wurdt alle jierren spesjaal foar LêsNo skreaun. By elk boek ferskynt lesmateriaal wêrmei’t de maatskiplike tema’s út it boek yn ‘e klasse útdjippe wurde kinne.
Wa’t seit net fan lêzen te hâlden, hat noch noait in goed boek lêzen. Dêrom soarget LêsNo derfoar dat der alle jierren in nij en oansprekkend boek skreaun wurdt foar jongerein. LêsNo is it lêsbefoarderingsprojekt foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Doel is it fergrutsjen fan de lêswille. Om dat doel te berikken wurdt alle jierren socht nei in bysûnder ferhaal yn kombinaasje mei in oar medium, lykas in vlog, in soundtrack, in dramasearje of in evenemint. Ek wurdt der prachtich lesmateriaal by makke. It boek wurdt boppedat ynsprutsen sadat learlingen it ek beharkje kinne.
Sjoch op: www.lesno.frl