Skriuw dy Ryk 1 en 2

Rige edukative filmkes dy’tst brûke kinst by kreatyf skriuwen.

Beskriuwing

Kreatyf skriuwen is oantoanber in effektive manier om it learen te befoarderjen. It bringt ferdivedaasje, mar is ek ‘nuttich’, bygelyks as tarieding op oare learstof (ek fan saakfakken) en as ferwurkingsopdracht. It helpt bûten de boks te tinken en om oare perspektiven yn te nimmen. Skriuw dy Ryk binne filmkes dy’t oansette ta kreatyf skriuwen. Se binne makke troch studinten fan de twaddegraads learare-oplieding Frysk fan NHL Stenden Hegeskoalle.

Mear ynformaasje

Materiaal brûke? Mail babs.gezelle.meerburg@nhlstenden.com.


To top
Skriuw dy Ryk 1 en 2 – Taalplan Frysk 2030