Wurkest yn it basisûnderwiis yn Fryslân en wolst in foarlûkersrol ferfolje yn it taalûnderwiis op dyn skoalle? De post-HBO oplieding ‘Koördinator taal & meartaligens yn it basisûnderwiis‘ (ferzje Fryslân) liedt dy op ta spesjalist taalûnderwiis yn in meartalige kontekst.
De oplieding biedt dy net allinnich de mooglikheid om te wurkjen oan it taalûnderwiis op dyn skoalle, mar stipet dy ek yn it begelieden fan dyn team nei de ambysje fan de provinsje formulearre yn it projekt Taalplan Frysk 2030: alle skoallen fersoargje yn 2030 oanbod foar de Fryske taal en kultuer. De oplieding rjochtet him op de ûntwikkeling fan de taalkoördinator op in trijetal terreinen: kennis oer goed (meartalich) ûnderwiis (mei spesifike oandacht foar it Frysk en/of streektalen), beliedsmjittich tinke wat him út yn it skriuwen fan in talebeliedsplan en ynhâldlik liederskip om kollega’s te ynspirearjen en motivearjen.
Tanksij de gearwurking tusken de Provinsje Fryslân en NHL Stenden Hegeskoalle kin de oplieding, by foldwaande belangstelling, mei subsydzje oanbean wurde.
Mear ynformaasje yn de taheakke of fia klarinske.de.roos@nhlstenden.com