Op 13/1 set de kursus Klasse Frysk útein, do kinst noch meidwaan!

05 Desimber 2025

Klasse Frysk is in kursus foar masters en juffen út it primêr ûnderwiis, dosinten út it fuortset ûnderwiis en foar learkrêften en dosinten út it spesjaal ûnderwiis. Mei de kursus kinst dyn Fryske lessen nei in heger plan tille en as skoalle wurkje oan de ambysjes foar 2030.

Yn 8 ynspirearjende lessen krijsto hânfetten om de Fryske lessen foarm te jaan en yn te spyljen op tema’s as berne- en jongereinliteratuer, Fryske skiednis en taalsosjology. Mei de aktive wurkfoarmen kinst fuort de oare deis al yn de eigen klasse oan de slach. De lessen binne megapraktysk en tige nijsgjirrich foar dyn persoanlike ûntwikkeling. Oan’e ein fan de acht WOW-shops krigest in sertifikaat. Nei de kursus kinst noch fiif gearkomsten folgje om dyn eigen feardigens te ferbetterjen en it foech Frysk te heljen.

Marije Kooistra, dosint Frysk op it Bogerman yn Snits seit oer de kursus: ‘Klasse Frysk jout my nije ynspiraasje foar myn Fryske lessen op it fuortset ûnderwiis. De Fak Taal Formule komt yn eltse WOW-shop oan de oarder en dy set ik no ek yn foar myn lessen.’

Iepen- en koepelynskriuwing 

Neist dizze iepen ynskriuwing, binne der elk skoaljier twa ekstra kursussen op lokaasje mooglik. Dêryn kinst mei dyn skoalteam of koepel meidwaan. 

Mear ynfo en opjaan
https://cedinonderwijs.nl/cursus/klasse-frysk/

Sjoch foar mear ynfo ek dit filmke:

Deel dit artikel:


To top
Op 13/1 set de kursus Klasse Frysk útein, do kinst noch meidwaan! – Taalplan Frysk 2030