Hjirûnder in update oer de beoardieling fan de oanfragen fan de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.
De earste brieven fan Materiaal en Frijroasterjen binne/geane no de doar út. Dat bart earst fia de post. De Provinsje sjocht dat rûn dizze tiid in soad post weromkomt. Mocht dat sa wêze dan wurdt it brief dêrnei digitaal ferstjoerd nei it e-mailadres dat op it oanfraachformulier ynfolle is.
Wichtich punt fan omtinken is dat de oanfregers har mail yn de gaten hâlde, foar it gefal dat de Provinsje fragen hat om in saak folslein (helder) te krijen. Dus mocht der in mail komme fan Subsydzjesaken, jou dêr dan sa gau as mooglik reaksje op. By fragen kinne jim it bêste tillefoanysk kontakt opnimme mei de oangeande meiwurker.
De beslistermyn op subsydzjeoanfragen is 13 wiken neidat dy folslein binne. Fansels kin de oanfreger altyd by it team Subsydzjesaken fan de Provinsje neifreegje wat de stân fan saken is, as dy 13 wiken foarby binne en de oanfreger noch neat heard hat (provincie@fryslan.frl; dêrby saaknûmer fermelde).
Spitigernôch is in grut part fan de oanfragen dy’t de Provinsje yn ûngefear de earste trije wiken fan de iepenstelling ûntfongen hawwe, net (ynhâldlik) folslein oanlevere, benammen by kultueredukaasje. It hiele proses fan beoardieling en akkoardearring hat dêrtroch fertraging oprûn.