Subsydzjeregeling foar prebearjen eksamenprogramma’s Frysk iepen

29 jannewaris 2025

SLO publisearre yn oktober 2024 de konsepteksamenprogramma’s foar Fryske taal en kultuer. Yn it skoaljier 2025-2026 sette se útein mei it prebearjen fan dat konsepteksamenprogramma. Dêrfoar binne se op syk nei skoallen dy’t meidwaan wolle.

Meidwaan betsjut dat de skoalle yn skoaljier 2025-2026 foar it fak Fryske taal en kultuer ûndersiket yn hoefier’t de konsepteksamenprogramma’s (en konseptsyllabi) brûkber en útfierber binne. Dat docht de skoalle net foar neat. De subsydzjeregeling dy’t hjirfoar beskikber is iepenet fan 3 febrewaris ôf en rint oant en mei 28 febrewaris 2025. Skoallen hearre uterlik 30 maaie oft se meidwaan kinne. Bist benijd wat dit betsjut en hokker subsydzjebetingsten der krekt jilde? Wy hawwe dy ynformaasje foar dy op in rige set. Gean gau nei de spesifike ynformaasje oer dyn fak.

Deel dit artikel:


To top
Subsydzjeregeling foar prebearjen eksamenprogramma’s Frysk iepen – Taalplan Frysk 2030