Tink mei oer… lesmaterialen foar it Frysk (pû)

29 septimber 2025

Wy binne op syk nei learkrêften dy’t koart mei ús meitinke wolle oer leechdrompelige en maklik tapasbere lesmaterialen foar it Frysk.

Sadat learkrêften it Frysk faker en mei wille ynsette sille yn harren lessen.

  • Wy organisearje in online gearkomste fan in oere op 3 novimber om 15.30 oere
  • Alle ûnderfiningsnivo’s binne wolkom!
  • Dyn praktyske tips en krityske blik helpe ús fierder om it Frysk op alle skoallen te krijen.

Hast sin om mei te dwaan? Jou dy op foar 20 oktober en tink mei.

Deel dit artikel:


To top
Tink mei oer… lesmaterialen foar it Frysk (pû) – Taalplan Frysk 2030