Tydskrift LinKk bestiet 25 jier

02 juny 2025

LinKk, ‘it iennige echte Fryske tydskrift foar jongerein’, bestiet 25 jier. LinKk wurdt brûkt by it fak Fryske taal en kultuer yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Hiel wat brêgeklassers yn Fryslân hawwe it tydskrift yn ’e rin fan de jierren lêzen!

LinKk is in útjefte fan ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin. It alderearste nûmer fan LinKk ferskynde yn 2000 en it tydskrift komt seis kear it skoaljier út. Dat betsjut dat LinKk 25 jier bestiet én dat der yn ’e rin fan ’e jierren 150 edysjes ferskynd binne. Reden foar in feestje! De redaksje fiert it jubileum mei ferskate feestlikheden. Sa hat it tydskrift begjin dit skoaljier in nije foarmjouwing krigen. It juny-nûmer, it 150e eksimplaar, is in spesjaal jubileumnûmer. Yn dat nûmer stiet ûnder oaren in ‘Oade oan LinKk’ fan Dichter fan Fryslân Arjan Hut, in artikel oer hoe’t LinKk makke wurdt en portretsjes fan LinKk-lêzers fan ferskate leeftiden dy’t oantinkens oan LinKk diele. Wa’t jierdei is traktearret en dus kinne learlingen mei in bon út it tydskrift fergees in hoarntsje sûkerbôle-iis krije by iissalon Margje 24.

Mei LinKk hat in dosint Frysk altyd wer aktueel materiaal dat by de doelgroep past. Boppedat ferskine der by elk tydskrift opdrachten dêr’t learlingen yn ’e klasse mei oan ’e slach kinne, op papier of digitaal yn Searje 36, de lesmetoade foar it fak Fryske taal en kultuer. Sûnt skoaljier 2022-2023 wurdt LinKk fergees oanbean oan middelbere skoallen. Op dit stuit hawwe 53 lokaasjes in abonnemint. De oplaach fan it tydskrift is 4600. LinKk fersterket de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en falt ûnder it projekt Taalplan Frysk 2030 dat dyselde doelstelling hat. It slút ek oan by ôfspraken makke tusken it Ryk en de Provinsje Fryslân yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer.

Deel dit artikel:


To top
Tydskrift LinKk bestiet 25 jier – Taalplan Frysk 2030