It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) stipet en advisearret berne-opfanglokaasjes by it oanbieden fan in twatalige opfang. Hjirfoar wurkje sy mei in netwurk fan twatalige berne-opfanglokaasjes. Om alle âlden de kâns te jaan om harren bern nei in twatalige opfang te bringen, set it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op útwreidzjen fan it besteande netwurk. Dêrneist wurket it projekt oan it heech hâlden fan de kwaliteit fan de besteande twatalige lokaasjes. Fan de yn totaal 400 lokaasjes foar berne-opfang binne der sa ’n 265 oansletten by it twatalige netwurk fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang. Mear witte oer twatalige berne-opfanglokaasjes? Nim kontakt op mei it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).
Oerdracht fan âlden op bern spilet in wichtige rol by it behâld fan in taal. It jout de bern in taalbasis mei foar harren lettere libben. Om âlden dêr bewust fan te meitsjen, sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op het ynformearjen fan âlden oer dit tema mei foarljochtingsmateriaal. Ek binne der ûnderskate materialen ûntwikkele dy’t (profesjonele) opfieders helpe by it Frysktalich grutbringen fan (harren) bern.
Foarbylden binne:
Mear witte oer dit tema? Nim kontakt op mei Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).
De professionals dy’t wurkje yn de foarskoalske edukaasje wurde foar it grutste part oplaat yn de regionale opliedingssintra yn Fryslân. Dêrom sette wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op foldwaande omtinken foar it belang fan de memmetaal en meartalich grutbringen yn de oplieding foar pedagogysk meiwurker. Dêrnjonken wurdt der alle jierren in tal kursussen en workshops organisearre foar pedagogysk meiwurkers. Dat fariearret fan in workshop oer materiaal oant kursussen Fryske taalfeardigens.
Sjoch foar it oersjoch fan workshops en kursussen yn de aginda.
Foar meartalich opgroeien fan bern is in ryk taaloanbod krúsjaal. Troch in soad mei bern te praten, (foar te) lêzen, ferskes te sjongen en op oare boartlike manieren de taal te brûken ûntstiet der in taalbasis dy’t nedich is foar in goede meartalige ûntjouwing. Dêrom sette wy út it projekt Taalplan Frysk 2030 wei yn op de ûntjouwing fan ferskate nije boekjes, edukative spultsjes en materialen. Ek wurdt it besteande materiaal, lykas it Tomke-materiaal, fernijd en oanfolle.
Besjoch it oanbod op dizze webside.