It ‘Foech Frysk’ is it offisjele diploma op B2-nivo om Fryske les jaan te kinnen yn it primêr ûnderwiis.
Binnen de Pabo wurdt Frysk oanbean op nivo B2 fan it Europees Referentiekader voor Moderne Vreemde Talen (ERK). Mei dat oanbod wurdt gehoar jûn oan de ambysje dy’t formulearre is troch Taalplan Frysk: yn 2030 wurdt op alle skoallen foar primêr ûnderwiis it fak Fryske taal en kultuer oanbean troch foechhawwende learkrêften. In ambysje dy’t ek troch it team fan de Pabo stipe / droegen wurdt.
Foar it beheljen fan it Pabo-diploma folstiet in eigen feardigens Frysk op B1- nivo. Studinten dy’t it Foech Frysk behelje, streame út op it B2-nivo. Troch studinten út te daagjen op it B2-nivo út te streamen, en dêrmei harren Foech Frysk te beheljen, wurkje wy oan de ambysje fan ússels en fan Taalplan Frysk 2030.
NHL Stenden biedt de earste en twaddegraads oplieding Frysk oan. Studinten wurde oplaat ta dosint Frysk yn it fuortset ûnderwiis en/of middelber beropsûnderwiis. Studinten kinne ek kieze foar in dûbele graad yn sawol it Frysk as it Nederlânsk. Mei it oanbieden fan ferskate stúdzjes yn sawol foltiid as dieltiid, sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op it fergrutsjen fan it oantal dosinten yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis mei in offisjeel ûnderwiisfoech foar de Fryske taal.
By it Frysk yn it heger beropsûnderwiis giet it om taalbehearsking mar benammen ek om de tapassing fan it Frysk yn de praktyk. Dêrom sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op it keppeljen fan it Frysk mei oare fakken en leargebieten. Dêrneist sil NHL Stenden ek in online kursus oanbiede oan de Frysktalige studinten. Foar net-Frystalige studinten en meiwurkers makket de hegeskoalle in yntroduksjekursus foar it Frysk.
It projekt Taalplan Frysk 2030 set yn op it sichtber meitsjen fan de Fryske taal op hbû-skoallen. Sa wurdt der wurke oan in online skriuwkursus Frysk foar alle Fryske studinten en meiwurkers op NHL Stenden. Foar studinten en meiwurkers dy’t it Frysk net yn de macht hawwe, komt der in yntroduksjekursus oer Fryslân en de Fryske taal. Dêrneist moat de Fryske taal ek in plak krije by oare hbû-opliedingen ûnder bygelyks praktyk- of ûndersyksopdrachten.