Basisskoalle De Bolster yn Balk wurket mei de Fak Taal Formule oan it Frysk

Tagelyk wurkje oan fakdoelen en oan de doelen foar de Fryske taal? Dat kin mei de Fak Taal Formule. Sa kinst bygelyks ek muzyk en skiednis jaan yn it Frysk. Skoalstiper Tjitske van Akker fan Cedin en projektmeiwurker primêr ûnderwiis Tjitske van Dijk fan Afûk fertelle yn dit filmke oer de mooglikheden dy’t skoallen hawwe om mei dizze wurkwize it Frysk nei in heger plan te tillen. Learkrêft Bert van der Lijn fertelt oer syn ûnderfining mei Spoar 8 en it wurkjen mei de Fak Taal Formule yn syn klasse.

Neist de metoade Spoar 8 binne der ek oare materialen om dizze wurkwize in plak te jaan, lykas de materialen fan Stichting Mearslach of de projekten fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis.

To top
Basisskoalle De Bolster yn Balk wurket mei de Fak Taal Formule oan it Frysk – Taalplan Frysk 2030