Yn dit filmke folgje wy basisskoalle De Mienskip út Bûtenpost by it Frysk sjongfestival foar basisskoallen: SjONG junior. Troch Frysk te sjongen reitsje bern fertroud mei de Fryske klanken, de struktuer fan de taal en leare sy har út te drukken yn it Frysk, fertelt Maaike van der Ploeg fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). Foar SjONG junior folgen de skoallen in online muzykles fan Raynaud Ritsma. De bêste ynstjoeringen mochten mei de hiele klasse ûnder begelieding fan Raynaud Ritsma en oare muzykprofessionals in eigen Frysk lied skriuwe én optrede yn de finale fan SjONG junior yn de Lawei yn Drachten. Learkrêft Marieke Mozes fertelt oer hoe’t se mei de learlingen oan de slach gong mei it meitsjen fan it lied “Leafde”. Troch Frysk en muzyk mei-inoar te kombinearjen wurde de bern entûsjast om it Frysk te learen.
Mear ynformaasje oer SjONG junior is te finen op: www.sjong.frl.