It projekt Taalplan Frysk 2030 soarget foar de begelieding fan skoallen by it fuortsterkjen fan it oanbod Frysk yn it ûnderwiisprogramma. Sa is der foar alle skoallen in “skoalstiper”. Dat is in fêst kontaktpersoan foar de skoalle. Skoallen hawwe geregeld kontakt mei de skoalstiper en krije op de praktyk rjochte stipe by it fuortsterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiisprogramma fan de skoalle.
De skoalstiper soarget derfoar dat de ambysjes en útfiering oanslute by de spesifike situaasje fan de skoalle. Dêrneist bepaalt de skoalle yn oerlis mei de skoalstiper hokker oplieding of neiskoalling der nedich is foar learkrêften, hokker materiaal se brûke wolle yn de lessen en oan hokker eveneminten de skoalle meidwaan wol. Ek prate de skoalle en skoalstiper ôf wat de skoalle dwaan sil om de bewustwurding fan it team, de learlingen en/of âlden om it tema Frysk hinne te befoarderjen. De skoalstiper helpt de skoalle by de útfiering fan de ambysjes en hâldt de fuortgong by troch geregeld by de skoalle del te gean.
Njonken begelieding troch de skoalstiper is der ek spesifike begelieding beskikber foar bygelyks de ymplemintaasje fan in nije wurkwize lykas de Fak Taal Formule.
Ek kinne skoallen har oanslute by bygelyks it netwurk foar trijetalige scholen en/of it netwurk foar taalkoördinatoaren.