Taalplan Frysk-profilen primêr ûnderwiis

Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 bringt de provinsje Fryslân foar alle skoallen yn it primêr ûnderwiis yn kaart hokker kearndoelen in skoalle foar it fak Frysk oanbiedt. Der binne bygelyks kearndoelen formulearre foar Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Dy kearndoelen binne wer yn Taalplan Frysk-profilen útwurke.

De profilen

Yn it primêr ûnderwiis binne der 7 profilen (profyl A oant en mei G). By profyl G wurde der gjin kearndoelen oanbean foar it Frysk. De profilen binne basearre op de kearndoelen Frysk út de Wet op het Primair Onderwijs (WPO).

In skoalle mei in A-profyl foldocht oan alle easken foar it Frysk ûnderwiis. Skoallen mei in A-profyl hawwe in folslein Frysk ûnderwiisoanbod, rjochte op Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Skoallen dy’t in leger profyl krije, hawwe tydlik noch in frijstelling foar inkelde ûnderdielen fan it Frysk ûnderwiisoanbod. Bygelyks in skoalle dy’t wol oan de kearndoelen foar Frysk ferstean, lêze en prate foldocht, mar it skriuwen noch net foldwaande oanbiedt.

Ambysjes

Uterlik yn it jier 2030 moat it (fak) Frysk op alle skoallen foar it primêr en fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. Dat is de ambysje dy’t it Ryk en provinsje Fryslân mei-inoar yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer ôfpraat hawwe. Op foldwaande nivo betsjut dat alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis yn 2030 in A-profyl hawwe, útsein de Waadeilannen en gemeente Weststellingwerf. Yn dy regio’s formulearje de skoallen ambysjes foar de streektaal dy’t yn it gebiet brûkt wurdt. Skoallen op de Waadeilannen en yn de gemeente Weststellingwerf komme sa ek foar in heger Taalplan Frysk-profyl yn oanmerking.

Skoalbesite

De provinsje Fryslân stelt ienris yn ‘e fjouwer jier in Taalplan Frysk-profyl fêst troch it útfieren fan in skoalbesite. Skoallen krije dêrmei ynsicht yn de besteande situaasje fan it (fak) Frysk op skoalle. Dêrneist formulearje alle skoallen ek in ambysje foar de kommende fjouwer jier. Yn dy ambysje omskriuwt de skoalle hoe’t sy nei in heger Taalplan Frysk-profyl tawurkje. Nei 4 jier folget der in nije skoalbesite. Mear witte oer de skoalbesite? Sjoch op de side Skoalbesites.

Underwiisynspeksje

De Taalplan Frysk-profilen wurde mei de Ynspeksje fan it Underwiis dield. Sa kin de ynspeksje goed tafersjoch op de kwaliteit fan it Fryske ûnderwiis hâlde.

To top
Taalplan Frysk-profilen primêr ûnderwiis – Taalplan Frysk 2030