Wessel, Mardée en Jildou winne 81ste edysje FeRstival

27 jannewaris 2025

Wessel Koornstra, Mardée Akkerman en Jildou Reitsema wûnen de 81ste edysje fan FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makken sy sneon 25 jannewaris de measte yndruk op de sjuery mei harren foardrachten.

Wessel Koornstra fan it Pieter Jelles Stedelijk Gymnasium (Ljouwert) wie de grutte winner by de Starters, de kategory foar earsteklassers. Hy die dat mei it gedicht ‘Fytse’ fan Berber Spliethof. “In humoristysk fers, dat hiel goed paste, en mei ynlibbingsfermogen foardroegen waard,” sei Starters-sjueryfoarsitter Amarins Mulder-Dotinga.

Yn de kategory Trochsetters, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Mardée Akkerman fan it Bornego College (Hearrenfean). Dat wie mei it gedicht “Begraffenis” fan Jelle Bangma. “Mardée droech it fers behearske, mei ôfwikseling en yntinsje foar,” fûn de sjuery mei û.o. Sytse Jansma. By de Toppers, foar fjirdeklassers en heger, wie Jildou Reitsema fan it Lauwers College  (Bûtenpost) de bêste. Sy droech it fers ‘Lânskip’ fan Baukje Wytsma foar. “De kleuren fan it fers komme werom yn dyn foardracht” sei Toppers-sjueryfoarsitter Arjan Hut. Der diene 31 dielnimmers oan de finale mei, op de foarrondes kamen yn totaal 70 dielnimmers ôf. 

Jongerein en Fryske poëzij

FeRstival wurdt organisearre troch Cedin ûnder de flagge fan Taalplan Fries 2030. FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. De inisjators fûnen it ek wichtich dat learlingen ûnderfine hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy’t it letter makken op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman en Theun Plantinga.

Alle winners fan 2025:

Starters (earsteklassers)

  1. Wessel Koornstra, Piter Jelles Stedelijk Gymnasium, Ljouwert
  2. Janna van Akker, Singelland Burgum,
  3. Féline Visser, Lauwers College Bûtenpost, Bûtenpost

Trochsetters (twadde- en treddeklassers)

  1. Mardée Akkerman, Bornego College Junior, It Hearrenfean
  2. Malin van der Meulen, Liudger Burgum, Burgum
  3. Aafke van der Meer, Bornego College Junior, It Hearrenfean

Toppers (fjirdeklassers en heger)

  1. Jildou Reitsema, Lauwers College Bûtenpost, Bûtenpost
  2. Benthe Kuipers, Drachtster Lyceum, Drachten
  3. Marie van der Meer, Bornego College Lyceum, It Hearrenfean

Deel dit artikel:


To top
Wessel, Mardée en Jildou winne 81ste edysje FeRstival – Taalplan Frysk 2030