Winners Grutte Fryske Wurkstikpriis bekend

07 july 2025

Freed 4 july 2025 fûn de útrikking plak fan de Grutte Fryske Wurkstikpriis yn de Steateseal op it Provinsjehûs yn Ljouwert. De iepening waard dien troch deputearre Eke Folkerts. Meidwaan oan de wedstryd koe yn twa kategoryen: foar it fuortset ûnderwiis en foar mbû, hbû en wû.

De earste priis foar it fuortset ûnderwiis gie nei Renate Brouwer, OSG Piter Jelles Ljouwerter Lyceum (klasse 6, wurkstik oer Berenburg). De twadde priis is takend oan Wessel Koornstra, in earsteklasser fan OSG Piter Jelles Stedelijk Gymnasium, mei in wurkstik oer Fryslân.

De earste priis yn de kategory mbû, hbû, wû wie foar Doutsen Jellema fan NHL Stenden Hogeschool. Har wurkstik hat de titel: Net sizze mar dwaan: ymplemintaasje fan it Frysk op CBS de Bron. De twadde priis gie nei Sandra Bak, Marjan Eefting en Siebrand Greven fan NHL Stenden Hogeschool mei harren adviesrapport Friese les door een niet-Fries.

De Grutte Fryske Wurkstikpriis is in inisjatyf fan de provinsjale seksje Frysk fan de Vereniging Leraren Levende Talen (VLLT). Dat is de beropsferiening foar leararen Frysk yn it fû, mbû en hbû yn gearwurking mei Taalplan Frysk. Oan de priis is in bedrach ferbûn fan € 200,- foar de earste priis en € 100,- foar de twadde priis. It ferskil tusken dizze priis en de LC award is dat in ynstjoerd wurkstik foar de Grutte Fryske Wurkstikpriis in link ha moat mei Fryslân en dat net allinne learlingen út eksamenklassen, mar út alle klassen en út alle sektoaren meidwaan meie. Doel is omtinken foar de Fryske taal en Fryske ûnderwerpen yn wurkstikken en skripsjes.

Deel dit artikel:


To top
Winners Grutte Fryske Wurkstikpriis bekend – Taalplan Frysk 2030