‘Taal yn Byld’ yn Drylts

20 april 2026

Op CBS De Twine en pjutte-opfang Lyts Yleke yn Drylts waarden alle talen fierd mei ‘Taal yn Byld’, in taalprojekt fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis. Op 20 april 2026 wie de ôfsluter. Keunstneres Korja van der Werff en Twadde Keamer lid Habtamu de Hoop rikten de 15 moaiste taalkeunstwurken út. Ek waard it trijetalige wurdekeunstwurk fan de jongste bern presintearre. Dizze taalkeunst krijt in fêst plak op it fernijde griene skoalplein fan De Twine.

Mei Taal yn Byld wurde de ferskate memmetalen fan de bern letterlik yn byld brocht. Yn Drylts waard dat op ferskate wizen dien. Foar de kick-off skreau in âlder it Fryske gedicht ‘Hjoed fier ik myn taal’. Dat waard troch oare âlden en learlingen oerset yn ûnder oaren it Arabysk, Oekraynsk, Tais, Dútsk en Portugeesk. It soarge foar in ferbinende start. Letter ynterviewden de bern famyljeleden oer harren taal en namen de moaiste wurden en sinnen mei nei skoalle. Op woansdei 15 april streamde de skoalle fol mei âlden, pakes en beppes om mei-inoar oan de slach te gean. It waard in feest mei eigenmakke lekkernijen fan ferskillende kultueren. By de pjutten en de ûnderbou krigen de moaiste wurden in plak op flachjes en in Gesammtkeunstwurk. De middenbou en boppebou makken posters fan harren bysûndere sin yn eigen taal.

Fyftjin dêrfan waarden útkeazen troch de Hoop en van der Werff as ôfsluting fan it projekt. De skoalle bliuwt yn de takomst ynsetten op meartalich ûnderwiis. Neist it Nederlânsk is der spesjaal omtinken foar it Frysk, it Ingelsk en de oare thústalen. Direktrise Anke van der Kuur ûnderstreket dat: “Op De Twine en by Lyts Yleke meitsje wy in spearpunt fan meartaligens. Wy hechtsje belang oan de ferskillende talen. Wurdearring foar elkoars talen fan it hert soarget foar ferbining. Taal is identiteit. Dêrfoar referearje ik graach nei it gedicht: ‘Hjoed fier ik myn taal, want myn taal dy seit wat oer my. Oer wêr’t ik wei kom, oer myn famylje. Myn taal fertelt myn ferhaal.’ De ferskillende talen fan dizze bern fertelle ús ferhaal en dat is rykdom. Dat mei fierd wurde!”

Deel dit artikel:


To top
‘Taal yn Byld’ yn Drylts - Taalplan Frysk 2030