30 oktober: Fierder mei Frysk 2025 (fû en mbû, oanmelde kin oant 16 oktober)

15 septimber 2025

Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Oanmelde kin oant 16 oktober.

  • FIERDER MEI FRYSK 2025
  • Datum: 30 oktober 2025 | NHL Stenden Hegeskoalle Ljouwert

Hoe krije wy learlingen entûsjast om te skriuwen yn it Frysk? Dy fraach stie sintraal yn it projekt MultiLit Fryslân. Lektor meartaligens en skriftlike taalbehearsking Mirjam Günther en dosint-ûndersiker Myrthe Coret-Bergstra fan NHL Stenden Hegeskoalle fierden mei kollega’s dit ûndersyk út op ferskeidene fû- en mbû-skoallen yn Fryslân. It ûndersyk die bliken dat de motivaasje fan jongeren om Frysk te skriuwen op skoalle net altyd like heech is, wylst se de taal wol regelmjjittich brûke op sosjale media. Binnen MultiLit Fryslân waard ûndersocht hoe’t it Frysk skriuwen yn de frije tiid en it skriuwen op skoalle better mei elkoar ferbûn wurde kin. Yn de keynote nimme de ûndersikers dy yn 3 stappen mei:

1 – hoe’t learlingen skriuwe yn har frije tijd – wêrom appe se wol/net yn it Frysk?

2 – de stim fan de learling – wat motivearret learlingen om Frysk te skriuwen? 

3 – fan ynsjoch nei klassepraktyk – konkrete tips en hânfetten foar it ûntwerpen fan skriuwlessen. 

Dêrneist binne der ynspirearjende wurkwinkels dy’t oanslute op ferskate kearndoelen.  

Bist ynteressearre yn de oplieding Frysk? Dan is der op dizze dei ek de mooglikheid om in kolleezje by te wenjen en fragen te stellen oer de oplieding. Fan 13.00 oant 14.30 oere kinst oanskowe by ‘Lêsdossier’ (it bepraten fan ‘Anna’ fan Aggie van der Meer ûnder lieding fan ien fan de dosinten) of by ‘Taalkennis’ (in kwis oer de stof dy’t behannele is, yn de styl fan “2 voor twaalf”). Op it oanmeldformulier kinst oanfinke oftst komst en dan kinst ek de kar foar it kolleezje trochjaan.

Ta eintsjebeslút is der in buorrel dêr’t elk alle ynformaasje útwikselje kin ûnder it geniet fan in hapke en in drankje. De stúdzjemiddei is fergees. Wy hoopje safolle mooglik dosinten en studinten wolkom te hjitten!

Deel dit artikel:


To top
30 oktober: Fierder mei Frysk 2025 (fû en mbû, oanmelde kin oant 16 oktober) – Taalplan Frysk 2030