Fierder mei Frysk

Fierder mei Frysk

Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin.

Datum: 15 novimber 2022 | NHL Stenden Hogeschool 

Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s. Haadsprekker dit jier is heechlearaar Frysk Goffe Jensma dy’t yn oktober 2022 mei emeritaat gie. Dêrneist binne der ynspirearjende wurkwinkels en is der in pubkwis! De stúdzjemiddei is fergees.

Wy hoopje safolle mooglik dosinten en studinten Frysk wolkom te hjitten!

Oanmelde kin oant 28 oktober.

Haadsprekker Goffe Jensma

Begjin oktober gie Goffe Jensma as Heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins mei emeritaat. Foar dizze lêzing fregen wy him wat hy hjoeddeistige – en takomstige dosinten Frysk by syn ôfskied as heechlearaar noch meijaan wolle soe. In skôging fan syn fyzje op de takomst fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Harkje nei dizze out of the box tinker en lit dy ynspirearje. Der is ek romte foar útwikseling.

Programma

15.00 Ynrin
15.30 Iepening
15.40 Plenêre sprekker Goffe Jensma
16.15 Wurkwinkel 1
17.15 Diner (+boekeruil)
18.15 Wurkwinkel 2
19.15 Pubkwis
20.00 Ofsluting, buorrel en neiprate

Workshops

Foardrage yn it Frysk

Brecht Wassenaar, aktrise Tryater/Skoaltv en âld-dielnimmer FeRstival

Soesto wolris mei learlingen meidwaan wolle oan FeRstival, de grutste Fryske foardrachtwedstriid, mar hast gjin idee hoe’tst dat oanpakke moatst? Yn dizze workshop komst yn ‘e kunde mei de basis fan foardragen, de foardrachtkeunst. Wy begjinne mei in oantal simpele oefeningen om te ûnderfinen hoe’t it is om in gedicht foar te dragen. Dêrneist learst oer stimgebrûk en hâlding. Ek it coachen komt oan ‘e oarder: wat sjochst, wat falt op? En hokker simpele tips soargje foar in noch ynteressantere foardracht? Op leechdrompelige wize oan ‘e slach!

Brûkersgearkomste Searje 36

Stephan Berger, projektmeiwurker ûnderwiis Afûk/Mister Searje 36

Searje 36  foar klasse 1 is fernijd! Twa wurkwizen, nije opsjes én projekten… En dus is it wer tiid foar in brûkersgearkomste. Stephan sil fertelle wat der nij is en nimt jim mei yn it systeem. Jim ynbring bestiet út it dielen fan earste ûnderfings, fragen oer de nije opset en fansels tips en handichheidsjes foar jim kollega-dosinten en de ûntwikkelders.
In wurkwinkel dy’t nijsgjirrich is foar de begjinnende en betûfte Searje 36 brûker!

Kurrikulum.frl: slút no al oan by de nije kearndoelen

Ferdau Terpstra, Cedin/Kurrikulum.frl
Bertus Dorhout, dosint Frysk Liudger Burgum en lid fjildgroep Kurrikulum.frl

Yn in eardere faze waarden de saneamde Grutte Opdrachten (GO’s) foar Kurrikulum.frl formulearre. No is de wurkgroep dwaande om op basis fan dy GO’s de nije kearndoelen foar it fak Fryske Taal en Kultuer te skriuwen. Dy moatte yn juny 2023 klear wêze. Wat binne de GO’s en hoe soesto se fertale nei de praktyk? Yn dizze wurkwinkel betinke jim in lesaktiviteit dy’t oanslút by de GO’s of sels in folslein nij passend kearndoel. Set dyn ‘nije-kearndoel-bril’ fêst op en wês no al tared op de takomstige lespraktyk!  

LêsNo: hoe yn te setten yn ‘e les?

Aafke de Jong, dosint Frysk Liudger Raai Drachten
Marrit de Schiffart, Cedin

LêsNo is it lêsbefoarderingsprojekt foar klasse 1. By LêsNo krije learlingen alle jierren in fergees boek en byhearrend lesmateriaal. Dat lesmateriaal is foar in part persoanfoarmjend en giet oer de maatskiplike tema’s dy’t yn it boek oan’e oarder komme. Yn dizze wurkwinkel fertelt Aafke de Jong, betûft en entûsjast LêsNo-dosint, hoe’t sy dit lêsbefoarderingprojekt oanfleant. Marrit de Schiffart, mei-makker fan it lesmateriaal, fertelt mei watfoar fisy de opdrachten makke wurde en hoe’tst se ynsette kinst yn ‘e les. Fansels hearre jim ek alles oer it nije LêsNo-boek: Kening fan ‘e cross fan Freddie Scheltema.  

Oersetsoftware yn ‘e klasse

Gerbrich de Jong, learare-oplieder Frysk en Nederlânsk, NHL Stenden Hegeskoalle

Foar it Frysk skriuwen binne der allerhande technyske helpmiddels beskikber, lykas in staveringshifker, in oersethelp en fansels Google Translate. Wat moatte learlingen witte fan de taal om sokke helpmiddels goed yn te setten as sy Frysk skriuwe? Skriuwe learlingen miskien mear en makliker Frysk as se witte hoe’t se se brûke moatte? Wat fynsto: moatte dy helpmiddels in plakje krije yn de klasse? Tink, praat en eksperimintearje mei yn dizze wurkwinkel!  

LoCALL – Local Linguistic Landscapes for Global Language Education

Joana Duarte, lektor Meertaligheid en Geletterdheid NHL Stenden Hogeschool
Sibrecht Veenstra, dosint Frysk NHL Stenden en Liudger Burgum

It LoCALL projekt wurket oan it ynsetten fan lokale taallânskippen yn it taal- en boargerskipsûnderwiis. Under taallânskippen fersteane wy alles wat wy oan taal om ús hinne sjogge, yn de iepenbiere romten lykas in sikehûs mar ek yn ús eigen hûs of op strjitte. Dat bart troch sawol dosinten as learlingen te belûken by it yn kaart bringen fan de lokale taallânskippen.

“Wy fûnen it leuk in kear taaldetektives te wêzen! Wy wiene teloarsteld oer hoe min it Frysk ôfbylde waard, om’t wy yn Fryslân binne!”

Yn dizze wurkwinkel silst oan de slach mei it ûntwerpen fan in eigen les oer en mei taallânskippen. Dêrneist sille wy dy ynformearje oer al it materiaal dat yn it projekt ûntwikkele is en beskikber is foar elkenien!

Oanmelde