Tinkt dyn skoalle nei oer it sichtber meitsjen fan it Frysk? Wolle jim bygelyks in Fryske fersregel op de skoalmuorre, Frysktalige paadwizers of mear Frysk yn de online kommunikaasje? Dan kinne jim dêr subsydzje foar oanfreegje. Neist de reguliere subsydzjeregelingen foar it Fryske ûnderwiis, is der nammentlik noch in oare regeling dêr’t skoallen in berop op dwaan kinne: Sichtberens Fryske Taal.
Dy hat ta doel om de sichtberens en it brûken fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte yn Fryslân te fergrutsjen. Ofhinklik fan de aktiviteit wurdt de subsydzje beskikber steld oan in yn ’e provinsje Fryslân fêstige desintrale oerheid of oan in yn de provinsje Fryslân fêstige privaatrjochtlike rjochtspersoan. Dat lêste kin dus ek in skoalle wêze. De regeling stiet iepen oant en mei 10 desimber 2025 en hat in subsydzjeplafond fan € 559.000,-.
Mear ynfo: https://www.fryslan.frl/fy/sichtberens-fryske-taal