De Fryske taal ferankerje yn it mbû: it is in djippe winsk fan de provinsje Fryslân, yn gearwurking mei it Ryk. Maart 2025 wie der de boppeslach foar it hbû, doe’t de alderearste bysûnder lektor Fryske taal en kultuer Albert Walsweer ynaugurearre waard. Foar it mbû waard dat feestlike momint 16 maart lêstlyn fierd, mei de ynauguraasje fan Lysbeth Jongbloed, de alderearste praktor Frysk en Meartaligens.
In praktor is in ekspert yn it mbû dy’t op ‘e praktyk rjochte ûndersyk docht en ynnovaasjes yn it ûnderwiis oanjaget. Yn har ynaugurele rede naam Lysbeth de oanwêzigen mei yn it belang fan Frysk en oare thústalen. “Talich ferskaat fertsjinnet mear omtinken yn it mbû-ûnderwiis en kin boppedat better benut wurde”, pleite de praktor.
Memmetaal
Mei it praktoraat Frysk en Meartaligens moat it Frysk – as fiertaal, ynstruksjetaal of doeltaal – in struktureel plak krije yn it deistich ûnderwiis. Yn projekten dêr’t it Frysk goed past en dêr’t it relevant is yn de beropspraktyk. In soad mbû’ers bliuwe yn Fryslân te wenjen en te wurkjen. Yn it wurkfjild wurdt it faak as hiel noflik ûnderfûn as wurknimmers harren rêde kinne yn it Frysk. Kontakt yn de memmetaal ferrint folle natuerliker, en boppedat soarget it foar folle mear fertrouwen.
Ferankering
Dêrneist groeit it tal thústalen op it mbû en yn Fryslân rap. Dêrom is ferankering yn it ûnderwiis nedich. It praktoraat – in kennisplatfoarm en ekspertize-ienheid binnen it mbû-ûnderwiis – ûndersiket yn de kommende jierren hoe’t it Frysk en meartaligens duorsum yn it mbû ferankere wurde kinne . Dat bart ûnder oare troch op de praktyk rjochte ûndersyk op skoallen en yn it wurkfjild, gearwurking mei ûnderwiisteams en organisaasjes en troch it profesjonalisearjen fan dosinten op it mêd fan meartaligens en twaddetaalwinning. Ek wurdt wurke oan betsjuttend taalûnderwiis, dat oanslút by echte beropssituaasjes en de libbenswrâld fan studinten.
Trochbouwe
De ûndersyksaginda fan it praktoraat is basearre op fiif ûndersykslinen – Taal yn byld, Taalprofyl, Taalûnderwiis, Taal fan it hert en Lêswille. Dêrmei kin yn de kommende jierren boud wurde oan in stevige en duorsume basis foar meartalich beropsûnderwiis yn Fryslân. Lysbeth: “ Mei it ûndersyk yn it ûnderwiis en wurkfjild kinne wy fierder bouwe oan in fundearre en boarge plak foar Frysk en meartaligens yn it mbû. Op in betsjuttingsfolle wize, sadat mbû-studinten harren taalbewustheid en taalfeardigens ûntwikkelje kinne en útgroeie ta belutsen professionals dy’t folweardich meidwaan kinne oan de meartalige arbeidsmerk en mienskip fan Fryslân. ’
Foto: Jacob van Essen, Fotobureau Het Hoge Noorden