Op in útwikselingsplatfoarm troffen beide skoallen inoar, csg Bogerman Koudum en de Anne-Frank-Gesamtschule út it Dútske stedsje Havixbeck. Al gau besleaten dosinten fan beide skoallen om in útwikseling te organisearjen dêr’t learlingen út beide lannen inoar binnen in wike yn besykje soene. It waard in sukses en ûnderwilens hat de útwikseling al tolve kear west.
“Wy realisearje ús dat miskien net sa gau,” seit Ciny Andela, dosint Dútsk by Bogerman Koudum, “mar Havixbeck leit krekt oer de grins. Der binne in soad learlingen dy’t dêrom Nederlânsk yn it fakkepakket hawwe. Us learlingen binne der echt fan ûnder de yndruk dat Dútske learlingen de muoite nimme om Nederlânsk te learen. Guon fan ús learlingen hawwe nammentlik it idee dat wy ús hjir oanpasse moatte oan de Dútske toerist troch Dútsk te praten yn de hoareka en wettersport. Sa’n útwikseling makket dúdlik dat Dútsers ek Nederlânsk leare en ynteressearre binne yn de Nederlânske kultuer. Dat docht wat mei it selsbyld fan de learlingen en soarget foar ferbining.”
‘Steckbrief’
Duorret de echte útwikseling fiif dagen, eins begjint it al twa moanne earder. “Neist de learlingen fan de Bogermanlokaasjes Koudum en Balk, kinne ek learlingen út Snits har oanmelde. Sawol de Dútske learlingen as dy fan Bogerman meitsje dan in ‘Steckbrief’, sis mar in koarte profylskets dêr’t de learlingen fan alles oer harsels fertelle.” Oer harren hobbys, oer hokker iten oft se hiel lekker fine, wat harren eftergrûn is, mar ek op hokker accounts se te finen binne. De learlingen fan de Anne-Frank-Gesamtschule dogge itselde. “En dan wurde al dy Steckbriefe nei ús tastjoerd.”
In spannend momint
Op grûn fan de profylsketsen meitsje Andela und Eva Goede, in kollega fan Bogerman Snits in foarseleksje. Datselde docht Annika Schulte, learares Nederlânsk yn Havixbeck. “Nei mei elkoar oerlein te hawwen, stappe we nei de bern.” Dat is altyd in spannend momint foar alle partijen. Is der goed keazen? En, hoe reagearret de learling? “As it nedich is, kin der noch wiksele wurde. It wichtichste is dat de learlingen har komfortabel fiele mei de match. Meastal slagget dat goed.”
It earste digitale kontakt
As alle learlingen in match hawwe, wurdt it earste kontakt lein mei harren takomstige gasthúshâlding. Nee, dat dogge se net op skoalle, “mar as in learling oanjout dat syn of har ‘Austauschpartner’ noch net reagearre hat, dan doch ik in mailtsje nei myn kollega yn Havixbeck. Dêrnei folget in digitaal kontaktmomint fia in groepschat, wêryn’t de learlingen elkoar noch wat better kenne leare.”
Mensa
Foardat de learlingen noch mar ien foet yn Havixbeck setten hawwe, is de learling al op ‘e hichte fan syn of har ‘Austauschpartner’ en gastfamylje. “Moandeitemoarns stappe wy dan de bus yn.” Twa oerkes letter wurdt de groep neffens in fêst programma yn Havixbeck hertlik ûntfongen. “Tusken de middei ite wy dan waarm yn de mensa fan de skoalle, dat is al in hiele gewaarwurding foar ús learlingen.” Middeis is der tiid om harren by de gasthúshâlding te ynstallearjen en jûns is der in film op frijwillige basis. De oare deis giet de groep mei-inoar op sightseeingstoer yn Münster. Middeis frij en jûns mei tachtich man bowle. “In hiele happening.”
In stikje Fryske kultuer
Op woansdeitemoarn draaie de learlingen gewoan mei yn de lessen fan harren gastlearling. “It falt harren dan wol op dat it yn Dútslân dochs formeler tagiet as by ús op skoalle.” Middeis stapt it ynternasjonale publyk yn de bus nei Koudum. Dêr wurde se opfongen troch it thúsfront en jûns kinne de learlingen wer nei in film. Op tongersdei wurde de learlingen ûnderdompele yn de Nederlânske skoalkultuer en kinne se in stikje kultuer snuve yn Fryslân. “Sa hawwe wy al in kear yn Starum west en yn Hylpen. Hylpen is al in iepenloftmuseum op himsels en ûnderskat net wat foar yndruk de Iselmar makket. Dizze bern binne gjin wetter wend.”
Hichtepunt
De wike wurdt ôfsletten yn Snits, yn kafee Fokk’s. Alle jierren is dat wer in hichtepunt. Dútske en Nederlânske learlingen dûnsje op Dútsk- en Nederlânsktalige muzyk. “Dan merke je hoe’t dizze learlingen yn in koarte tiid in bân opboud hawwe. Net allinnich mei de gastlearling, mar ek mei oaren. ” Binnen de koartste kearen wurde der freonskippen smeid.
In steapel pankoeken
It kommitmint fan de âlden yn Dútslân en Koudum en omkriten is hertferwaarmjend. Elk docht syn bêst om alle learlingen in hearlike wike te besoargjen. “Dat der sa’n bytsje learlingen op de filmjûnen ôfkomme, is yn goed teken. De measte gasthúshâldings soargje sels foar in program.” Lykas ferline jier. Twa gasthúshâldings fan It Heidenskip dy’t twa learlingen opfongen hiene, hiene ôfpraat om dy jûn mei-inoar te iten. “En sa krige ik dy jûn in fleurige foto tastjoerd fan twa húshâldings mei in steapel pankoeken! ”
Ferplicht-frijwillich
As de learlingen nei Havixbeck geane is de fiertaal Dútsk, sa is de ôfspraak. ,, En as de Dútsktalige learlingen ús oandogge, is de fiertaal Nederlânsk. By guon slagget dat prima, oaren fine it dreech en kieze dan dochs foar it Ingelsk. ”
Is de reis foar de Dútske learlingen ferplichte, foar de learlingen fan csg Bogerman Koudum en de oar Bogerman-lokaasjes is dizze reis frijwillich. Oan de jildlike bydrage leit it net. “Omdat we net fier hoege en de learlingen ûnderbrocht wurde by gasthúshâldings, kinne wy de kosten leech hâlde.” En it helpt dat der in part betelle wurde kin út de subsydzjepot fan Taalryk en út it gearwurkingsprogramma Deutschland-Nederland, dat mei finansierd wurdt troch de Europeeske Uny.
Ynternasjonalisearring
It plan is om ‘ynternasjonalisearring’ noch manifester ûnder te bringen yn it skoalkurrikulum fan beide skoallen. “Wy besykje no foar de earste klassen ek wat op poaten te setten yn de trant fan Taaldoarp.” Fia e-mail en Teams kinne learlingen dan kontakt lizze mei harren bûtenlânske kompanen.” Hoe leuk is it om te kommunisearjen mei in native speaker? ”
Andela koesteret dizze formule fan ynternasjonalisearring. “De oanrin nei dizze reis freget bêst in protte wurk, mar it kontakt mei ús Dútske kollega’s is hiel ynspirearjend.” Ek it feit dat de learlingen it kontakt nei ôfrin geregeld ûnderhâlde, jout de dosinten in hiel soad enerzjy.
“Dat Havixbeck sa tichteby leit, is in grutte krêft fan dizze reis”, beslút Andela. Binnen in pear oeren stappe je in folslein oare wrâld binnen mei oare hâldingen, noarmen en wearden. “It is tichteby genôch om in soad te ûndernimmen, fier genôch om de djipte yn te gean.”
Auteur: Gerbrich van der Meer
Foto: Argyf Anne Frank Gesamtschule