Fakatuere Keunstwurk: Adviseur Taalplan Frysk 2030

19 maaie 2026

Programmaline Edukaasje

Keunstwurk set keunst en kultuer yn it hert fan it ûnderwiis yn Fryslân. Want leare troch keunst en oer kultuer jout dy de romte om oars nei de wrâld te sjen en betsjutting te jaan oan wat men (mei)makket, tinkt en docht. Mei in iepen en ûndersykjende hâlding ferkenne wy ússels, de wrâld en hoe’t wy mei-inoar omgean. 

Wy stypje basisskoallen en skoalbestjoeren yn Fryslân om keunst en kultuer in fêst plak yn’t kurrikulum te jaan en hieltyd wer te fernijen en ferdjipjen. Dat dogge wy yn ‘e mande mei de Fryske keunstesintra, gemeenten, keunst -, taal – en erfguodynstellings, keunstners en keunstfakdosinten. Kultueredukaasje giet fierder as kreatyf dwaande wêze. It helpt bern om oars te sjen, mear fragen te stellen en ferbannen te lizzen. Wa bin ik? Hoe pas ik yn myn omjouwing? En hoe begryp ik de wrâld om my hinne? By Keunstwurk neame wy dat: Ik, wy, wrâld: Oer wa’ tst bist, wêr’ tst wei komst en wêr’ tst hinne wolst. 

Team

Do komst te wurkjen yn in dynamyske wurkomjouwing mei in motivearre edukaasjeteam. It bestiet út in programmamanager, kultuerferbiners, kultueredukaasjeadviseurs, in kommunikaasjeadviseur en stipe yn de foarm fan in kreatyf produsint. It team is ferantwurdlik foar de útfiering fan de regeling Kultueredukaasje mei Kwaliteit foar it primêr ûnderwiis, oanfolle mei programma fan Taalplan Frysk, Erfgoed en Filmhub Noord. Mear ynformaasje fynst op > keunstwurk.nl/educatie

Funksje

As adviseur Taalplan Frysk bisto it oansprekpunt foar skoallen op it mêd fan Frysk taalûnderwiis. Do advisearrest skoallieders, learkrêften en taalkoördinatoaren en stipest harren by it fersterkjen fan harren taalbelied. Do sinjalearrest kânsen en ûntwikkelingen en setst dy oer nei konkrete plannen. Dêrneist koördinearrest it projekt Keunstryk op de skoallen, ûnderhâldst in breed netwurk yn it Fryske ûnderwiis – en taalfjild en bist de ferbinende skeakel tusken skoallen, provinsje en taal – en kultuerpartners. Do organisearrest gearkomsten, stimulearrest kundedieling en makkest resultaten en ympakt sichtber. Do wurkest binnen it team kultueredukaasje fan Keunstwurk. Dat team set keunst, kultuer en taal yn as motor foar ûntwikkeling yn it ûnderwiis. 

Wat silst dwaan

  • By Keunstwurk bisto de ekspert op it mêd fan de Fryske taal.
  • Do advisearrest skoallen  oer Frysk taalûnderwiis yn kobinaasje mei kultuurunderwiis.
  • Do sinjalearrest kânsen en ûntwikkelings en setst dy oer nei konkrete plannen.
  • Bist de skeakel tusken skoallen, provinsje en taal – en kultuerpartners.
  • Do organisearrest gearkomsten en stimulearrest kundedieling.
  • Do boust en ûnderhâldst in relevant netwurk yn it Fryske ûnderwiis – en taalfjild.
  • Prosessen en resultaten makkest sichtber, tegearre mei de kommunikaasjeadviseur.
  • Koördinaasje fan Keunstryk op de skoallen.
  • Do slútst oan by de gearkomsten oer Taalplan Frysk PU / FU. 

Wat bringst mei

  • Do hast in oplieding op hbo-nivo of ferlykber.
  • Hast affiniteit mei Fryske taal, ûnderwiis en kultuer.
  • Hast it fermogen om netwurken en alderlei partijen te ferbinen en gearwurking te stimulearjen.
  • Do bist in dwaner, netwurker, do nimst inisjatyf en hast sterke organisatoaryske feardichheden.
  • Do beskikst oer goede kommunikative en sosjale feardichheden mei gefoel foar omjouwing en organisaasje.
  • Do wurkest graach selsstannich, mar ek yn teamferbân. 

Wat krijst fan ús

  • In plak yn in goed opinoar ynspile, profesjoneel en dynamysk team.
  • In útdaagjende wurkomjouwing dy’t folop yn beweging is.
  • In tsjinstferbân foar in jier.
  • In salaris konform cao sosjaal wurk, skaal 9 (maksimaal € 5.705, – leannivo 01-10-2025 en by folslein tsjinstferbân).
  • De mooglikhyd om foar in part thús te wurkjen en fleksibele wurktiden binne mooglik (yn oerlis).
  • Poerbêste sekundêre arbeidsbetingsten, opliedingsmooglikheden fia it rinbaanbudzjet, thúswurkfergoeding en telefoan.
  • Omtinken foar dyn persoanlike en profesjonele ûntjouwing. 

Wy fine it wichtich datst groeien bliuwst. Dy ûntwikkeling komt dysels én ús te’n goede. Op de wurkflier leit de klam op ynformeel learen en kennisútwikseling tusken kollega’s. Dêrneist ynvestearje wy yn relevante opliedingen en trainingen binnen dyn fakgebiet.

Kombinaasje

It is mooglik om dizze funksje te kombinearjen mei de fakatuere Erfgoed of de fakatuere Kultuerferbiner. Sjoch de webside van Keunstwurk.

Lit ús yn ‘e kunde komme

Ynteresse? Wy ûntfange graach dyn reaksje, dêr’tst yn oanjoust wat dy driuwt, wat dy ynspirearret yn dizze funksje en wêrom at wy no krekt dy noadich binne om in súkses fan dizze funksje te meitsjen. Hast fragen oer de fakatuere, dan kinst kontakt opnimme mei Jildou Tjoelker, programmamanager (tel: 06 -390 503 58)

Reaksjes kinne oant en mei 28 maaie ferstjoerd wurde. De sollisitaasjepetearen fine plak op 3 juny tusken 13 -16 en op 4 juny tusken 9 -17 oere. De fakatuere wurdt sawol yntern as ekstern pleatst.

Deel dit artikel:


To top
Fakatuere Keunstwurk: Adviseur Taalplan Frysk 2030 - Taalplan Frysk 2030