Programmaline Edukaasje
Keunstwurk set keunst en kultuer yn it hert fan it ûnderwiis yn Fryslân. Want leare troch keunst en oer kultuer jout dy de romte om oars nei de wrâld te sjen en betsjutting te jaan oan wat men (mei)makket, tinkt en docht. Mei in iepen en ûndersykjende hâlding ferkenne wy ússels, de wrâld en hoe’t wy mei-inoar omgean.
Wy stypje basisskoallen en skoalbestjoeren yn Fryslân om keunst en kultuer in fêst plak yn’t kurrikulum te jaan en hieltyd wer te fernijen en ferdjipjen. Dat dogge wy yn ‘e mande mei de Fryske keunstesintra, gemeenten, keunst -, taal – en erfguodynstellings, keunstners en keunstfakdosinten. Kultueredukaasje giet fierder as kreatyf dwaande wêze. It helpt bern om oars te sjen, mear fragen te stellen en ferbannen te lizzen. Wa bin ik? Hoe pas ik yn myn omjouwing? En hoe begryp ik de wrâld om my hinne? By Keunstwurk neame wy dat: Ik, wy, wrâld: Oer wa’ tst bist, wêr’ tst wei komst en wêr’ tst hinne wolst.
Team
Do komst te wurkjen yn in dynamyske wurkomjouwing mei in motivearre edukaasjeteam. It bestiet út in programmamanager, kultuerferbiners, kultueredukaasjeadviseurs, in kommunikaasjeadviseur en stipe yn de foarm fan in kreatyf produsint. It team is ferantwurdlik foar de útfiering fan de regeling Kultueredukaasje mei Kwaliteit foar it primêr ûnderwiis, oanfolle mei programma fan Taalplan Frysk, Erfgoed en Filmhub Noord. Mear ynformaasje fynst op > keunstwurk.nl/educatie
Funksje
As adviseur Taalplan Frysk bisto it oansprekpunt foar skoallen op it mêd fan Frysk taalûnderwiis. Do advisearrest skoallieders, learkrêften en taalkoördinatoaren en stipest harren by it fersterkjen fan harren taalbelied. Do sinjalearrest kânsen en ûntwikkelingen en setst dy oer nei konkrete plannen. Dêrneist koördinearrest it projekt Keunstryk op de skoallen, ûnderhâldst in breed netwurk yn it Fryske ûnderwiis – en taalfjild en bist de ferbinende skeakel tusken skoallen, provinsje en taal – en kultuerpartners. Do organisearrest gearkomsten, stimulearrest kundedieling en makkest resultaten en ympakt sichtber. Do wurkest binnen it team kultueredukaasje fan Keunstwurk. Dat team set keunst, kultuer en taal yn as motor foar ûntwikkeling yn it ûnderwiis.
Wat silst dwaan
Wat bringst mei
Wat krijst fan ús
Wy fine it wichtich datst groeien bliuwst. Dy ûntwikkeling komt dysels én ús te’n goede. Op de wurkflier leit de klam op ynformeel learen en kennisútwikseling tusken kollega’s. Dêrneist ynvestearje wy yn relevante opliedingen en trainingen binnen dyn fakgebiet.
Kombinaasje
It is mooglik om dizze funksje te kombinearjen mei de fakatuere Erfgoed of de fakatuere Kultuerferbiner. Sjoch de webside van Keunstwurk.
Lit ús yn ‘e kunde komme
Ynteresse? Wy ûntfange graach dyn reaksje, dêr’tst yn oanjoust wat dy driuwt, wat dy ynspirearret yn dizze funksje en wêrom at wy no krekt dy noadich binne om in súkses fan dizze funksje te meitsjen. Hast fragen oer de fakatuere, dan kinst kontakt opnimme mei Jildou Tjoelker, programmamanager (tel: 06 -390 503 58)
Reaksjes kinne oant en mei 28 maaie ferstjoerd wurde. De sollisitaasjepetearen fine plak op 3 juny tusken 13 -16 en op 4 juny tusken 9 -17 oere. De fakatuere wurdt sawol yntern as ekstern pleatst.