19-20 maaie wie der besite fan 4 kollega’s fan de Bangor University oan Fryslân. Doel fan dizze besite wie om te sjen hoe’t út Taalplan Frysk 2030 wei it gebrûk fan it Frysk yn it ûnderwiis stimulearre wurdt. Dêrby waard in fergelyk makke mei Cymraegh 2050, it taalplan foar it Welsk yn Wales.
Op it Provinsjehûs gienen wy yn petear oer de nije kurrikulums yn sawol Fryslân as Wales. Troch besites oan It Holdersnêst (De Harkema) en de Professor Casimirschool (Kollum) waard der kennis makke mei trijetalich ûnderwiis yn Fryslân. Yn sawol Surhústerfean as Kollum waard besjoen hoe’t basisskoallebern yn Taaldoarp Frysk ûnder begeleiding fan pabostudinten fan NHL Stenden stimulearre wurde om Frysk te praten en hoe’t dat taalgebrûk dan toetst wurdt.