It is woansdeitemiddei, healwei trijen. Lokaal 114 fan csg Liudger Burgum streamt stadichoan fol. By de doar stiet Wilco Lindeboom. Guon learlingen fan klasse 3 hafû-/twû-meartalich krije by binnenkomst in high five fan de skiednisdosint. Skiednis yn it Frysk stiet op it roaster. It ûnderwerp? De Earste Wrâldoarloch.
De ynstruksje duorret net lang. De bern hawwe nammentlik al earder oan de opdracht wurke: in krante meitsje mei seis artikels oer de Earste Wrâldoarloch. “De lêzer moat aanst wol weromfine kinne wêr’t jimme de ynformaasje weihelle hawwe,” sa begjint Lindeboom. “En dus moatte de boarnen neamd wurde en dat moat op in spesjale manier.” De dosint tipt de learlingen op www.scribbr.nl. “Dêr kinne jimme de ‘bronnengenerator’ fine.” Superhandich. Efkes de link fan ynternet of de namme fan it boek yn de generator sette en prrrt, dêr komt de boarne neffens de offisjele APA-referinsjestyl te foarskyn. Op it digiboerd lit Lindeboom de learlingen sjen hoe’t it moat. “Yn dizze les moatte jimme foar de ein fan ’e les yn alle gefallen ien boarne neffens de APA-styl nei my tastjoere. En fierders kinne jimme fierder wurkje oan de krante.” De klasse giet út elkoar. Guon wurkje op ’e gong, oaren yn ’e klasse.
In Frysktalige ynfaldosint
Wilco Lindeboom jout foar it tredde jier les op csg Liudger Burgum. “Yn novimber 2023 begong ik hjir as ynfalkrêft.” Hy wie krekt klear mei syn stúdzje skiednis by NHL Stenden en mei syn freondinne op reis yn Súd-East-Azië. “It wie de lêste dei dat wy yn Vietnam wiene en ek hast tiid om werom nei Nederlân.” Hy wit it noch goed. “Mei de bus ûnderweis nei Laos siet myn freondinne wat op fakatueresites te sjen. ‘Se sykje in Frysktalige ynfaldosint foar skiednis op csg Liudger Burgum,’ sei se. As wie it foar my makke. Ik haw daliks myn cv opstjoerd.” In dei letter kaam it antwurd. “Se woene graach yn petear.” Wat in gelok dat se yn Laos sûnt fiif jier ynternet hiene, “sa koe it sollisitaasjepetear fia Teams plakfine.” Lang ferhaal koart: Lindeboom waard oannommen en koe hast it hiele skoaljier oan ’e slach. “In jier letter waard ik wer opbelle. Oft ik weromkomme woe. De dosinte skiednis hie besletten om ôfskied te nimmen.” Sa kaam er wer werom op dizze skoalle. “It fielde daliks fertroud.”
Utdaging
Hy sil ek op kursus om syn Frysk omheech te krikken. “It is net sa dat alle slides daliks Frysktalich op it digiboerd komme, hear. Yn klasse 1 begjin ik mei Nederlânsktalige slides wylst ik tagelyk yn it Frysk praat. Sa kinne Hollânsktalige bern altyd weromfalle op wat der op it digiboerd stiet.” Skiednis yn it Frysk jaan bliuwt in útdaging. “Praten giet bêst, mar skriuwen is wol wat oars.” Wat in gelok dat syn kollega’s Frysk syn PowerPoints en opdrachten neisjen wolle. “In útkomst is ek www.frysker.nl, de site dy’t tsjinnet as wurdboek, oersetter en hifker.” Ferline jier hie Lindeboom twa Eritrese famkes yn ’e klasse. “Mei de skoalle wie ôfpraat dat se de toetsen yn it Nederlânsk meitsje mochten. Yn it tredde jier hie ik se wer. ‘Neffens my kinne jimme de toetsen no ek wol yn it Frysk meitsje,’ sei ik. No, dat fûnen se sels ek wol. En sa krige ik de antwurden yn it Frysk binnen. De resultaten wiene prima!”
Underskood berntsje
Lindeboom brûkt foar syn lessen de Nederlânsktalige skiednismetoade Memo, dy’t ek yn it Frysk oerset is. “Sjochst dat de metoademakkers de lêsteksten yn klasse 1 en 2 bewust koarter hâlden hawwe as yn de Nederlânsktalige ferzje. Dat is taaltechnysk in goede stap. Ynhâldlik fyn ik it no wol faak te koart troch de bocht en dat is echt spitich. Pas yn klasse 3 wurde de lingtes fan de teksten wer rjocht lutsen.” In oar pinepuntsje is dat de regionale skiednis net oan bod komt yn dizze metoade, wylst syn eigen ynteresse dêr wol bot leit. It brûken fan it Frysk nûget dêr ek wol ta út. “As it efkes kin, brûk ik graach de fantastyske filmkes fan akteur Freark Smink oer de Fryske kanon. Mar regionale skiednis bliuwt in ûnderskood berntsje; yn ’e praktyk komst dêr hast net oan ta. De learlingen krije yn klasse 1 en 2 mar in heal jier skiednis en dan twa oeren yn ’e wike.”
Foar de regionale skiednis wie der by syn oplieding yn Ljouwert ek amper omtinken. “Allinnich yn de stêd sels hawwe wy in pear kear in ekskurzje dien.” Hy snapt it diels ek wol. “De oplieding lûkt studinten út hiel Nederlân.” Tagelyk wit er dat de learlingen daliks oangean as it oer skiednis út harren doarp of krite giet. “Yn ’e praktyk is de regionale skiednis ommers altyd ferbûn mei de wrâld.” Hy glimket. “Tagelyk, as it om ûnderwerpen achter Ljouwert of Dokkum giet, is it foar dizze doelgroep al hast te fier fuort.”
Reaksjes fan learlingen
Anne Ruth: “Ik haw bewust foar meartalich keazen, dat like my leuk. En by skiednis kinst no ek mear Fryske wurden leare.”
Eline: “Ik fyn it wol fijn dat skiednis yn it Frysk jûn wurdt. It is myn memmetaal en dan begripe je it hiel goed.”
Marije: “Der binne net sa’n soad fakken dêr’t wy Frysk prate kinne. Ik fyn it dêrom fijn. Ik bin der ek oan wend. En as ik in wurd net ken, dan brûk ik www.frysker.nl.”
Amelie: “Ik vind het wel leuk, dan heb je een extra taal. Daar leer je een hoop van.”
Lieke: “Amelie vroeg of ik ook meertalig wilde doen. Die meertaligheid maakt me niets uit. De sfeer is hier gewoon leuker.”
Jouke Wytse: “By skiednis wurde wol drege nije Fryske wurden brûkt. Sis mar Frysk Frysk. Yn Noardburgum krige ik op de basisskoalle hielendal gjin les oer it Frysk. Hjir leit Lindeboom it twa kear yn it Frysk út. As guon it dan noch net snappe, docht er it yn it Nederlânsk.”
Skriuwer en fotograaf: Gerbrich van der Meer