Yn de lêste wike fan maaie is de earste nijsbrief fan Tys & Teske ferstjoerd oan alle berne-opfanglokaasjes. Yn de nijsbrief stiet alle ynformaasje oer it nije materiaal fan Tys & Teske. Dat ferskynt pas nei de simmer, mar kin no alfêst besteld wurde.
Alle berne-opfanglokaasjes kinne in prachtich startpakket fan Tys & Teske oanfreegje, mei in knibbelboek, in foarlêsboek en poppen fan de karakters. It startpakket is eksklusyf foar pedagysk professionals en wurdt, as lokaasjes dat foar 1 july 2026 bestelle, fergees besoarge nei de simmerfakânsje. De poppen en it foarlêsboek kinne troch elkenien besteld wurde fia de websjop.
Mear ynformaasje oer Tys & Teske, it materiaal en it bestellen dêrfan is te finen op www.tysenteske.frl.