Nij! Katern: Meartaligens yn de Gouden Wiken

24 juny 2026

Wurkest mei meartalige learlingen? Untdek hoest de krêft fan meartaligens by de Gouden Wiken benutte kinst om mei-inoar te bouwen oan in posityf normearre groep. Dit nije katern helpt dy dêrby op wei!

Yn it Katern Meartaligens yn de Gouden Wiken fynst kant en kleare energizers en koöperative wurkfoarmen dêr’tst: mei sichtber makkest:

  • de talen fan learlingen;
  • it talenbewustwêzen fergruttest;
  • garandearre meartaligens ynset as krêft;
  • boust oan in posityf normearre groep.

It katern is ûntwikkele fanút de praktyk fan it Spesjaal (Basis)ûnderwiis, mar is tapasber binnen alle ûnderwiissektoaren.

Goed nijs foar (F)S(B)Û-skoallen: in eksimplaar fan it katern wurdt yn de lêste skoalwike nei jimme opstjoerd.

Mei yngong fan 10 augustus 2026 is de link nei it katern beskikber foar elkenien.

Hâld ús sosjals yn’e gaten foar mear ynformaasje en de offisjele lansearring. Mei-inoar benutte wy de rykdom fan alle talen yn’e klasse en lizze wy in sterke basis foar in suksesfol skoaljier!

Deel dit artikel:


To top
Nij! Katern: Meartaligens yn de Gouden Wiken - Taalplan Frysk 2030