TAALRYK: Ferfrissend en ynspirearjend

24 juny 2026

Dy ûntwikkelje ta in Taalryk-skoalle freget geduld en ynset fan it hiele team fan dosinten. Tagelyk bringt it in soad foldwaning en wille, sa fertelle trije stjoergroepleden oan ‘e hân fan de neikommende fragen:

Dirkjan van Tuinen, Ofdielingslieder Underwiis · CSG Bogerman Balk en Koudum (op de foto links)

Wat hat Taalryk de learlingen oant no ta brocht?

“By ús op skoalle leit it aksint op ynternasjonalisearring. As ik sjoch hoe’t learlingen weromkomme fan harren reis nei Hamburg of Havixbeck, dêr’t se in skoftke by gastfamyljes ûnderbrocht binne, dan wurd ik hiel bliid. Taalryk giet net allinne oer meartaligens, mar ek oer (wrâld)boargerskip. De learlingen reitsje mei oare kultueren yn kontakt, mei oare talen, mar sjogge fertroude klasgenoaten ynienen ek yn in oare kontekst. It moaie fan dy reizen is dat de reis net begjint as de learlingen yn ‘e bus stappe. It trajekt is al earder ynset. Fan tefoaren hawwe de learlingen bygelyks les hân oer it gebiet dêr’t se hinne geane en kontakt lein mei de gastfamyljes. Dat kontakt bliuwt nei de reis soms noch hielendal yntakt. Hiel bysûnder.”

Wat hat Taalryk de dosinten oant no ta brocht?

“De reizen nei it bûtenlân dogge net allinne de learlingen goed, mar ek de dosinten. It jout in stik ferbûnens dy’tst yn de skoalkultuer weromsjochst. It is prachtich dat út Taalplan Frysk 2030 wei subsydzje foar dy reizen beskikber is.”

Wat hat it dielnimmen oan de stjoergroep dysels brocht?

“De krêft fan de Taalryk-stjoergroep sit foar my yn it útwikseljen fan ûnderfinings. Allinne al it feit dat de gearkomsten by inoar op skoalle binne, is ynspirearjend. Dan sjochst fan tichteby hoe’t ûnderskate skoallen stal jouwe oan de Taalryk-kritearia. Tink bygelyks by sichtberens oan in ienfâldige trep. Troch op de stjitbuorden titels fan Fryske, Nederlânske en Ingelske literatuer te pleatsen, draacht dy trep ynienen by oan de sichtberens fan taal. Op it stuit binne der fjouwer skoallen yn Fryslân dy’t harren mei Taalryk dwaande hâlde. Ik soe elkenien dy’t mear romte jaan wol oan meartaligens útnûgje wolle om mei ús mei te dwaan!”

—————– 

René Anema, skoallieder Basiskader 1,2 en Basis 3 en 4, CSG AMS, Frjentsjer (op de foto yn it midden)

Wat hat Taalryk de learlingen oant no ta brocht?

“Taalbewustwêzen is by ús op skoalle in echt tema. Twa kear yn ‘t jier hawwe wy dan ek Taalryk-wiken dêr’t alles draait om taal en kommunikaasje. Learlingen kommunisearje dan yn harren earste, twadde en tredde taal. Ek lichemstaal is in taal dy’t helpe kin om dy te uterjen. Taalbewustwêzen hat net allinnich mei eigen identiteit te krijen, mar ek mei wrâldboargerskip. Hoe ferhâldst dy ta minsken dy’t in oare taal prate?” 

Wat hat Taalryk de dosinten oant no ta brocht?

“It feit dat wy in Taalryk-skoalle binne hat soarge foar in tal dosinten dy’t harren fol entûsjasme mei Taalryk-projekten dwaande hâlde. Dat is foar de skoalle fan grutte mearwearde. Mei harren besieling stekke se oare dosinten oan. Waard de earste Taalryk-wike noch troch harren organisearre, no fiele folle mear dosinten harren eigener fan sa’n wike.”

Wat hat it dielnimmen oan de stjoergroep dysels brocht?

“It gie net allinnich om watst as stjoergroep út ’e wei setst, mar ek datst elkoar as skoallen kenst. Hoechst ek net alles sels te kinnen of út te finen. It is hiel ferfrissend en ynspirearjend te hearren wat oare Taalryk-skoallen oppakke. Dy útwikseling fan ûnderfinings is fan ûnskatbere wearde.”

————————-

Roelof Dijkstra, Teamlieder by CSG Liudger Burgum (op de foto rjochts)

Wat hat Taalryk de learlingen oant no ta brocht?

“Learlingen dy’t it meartalich ûnderwiis folgje, litte yn ferliking mei reguliere learlingen dúdlik bettere resultaten sjen, benammen mei it each op it Ingelsk, mar ek yn it algemien mei it each op taal. Dat wurdt benammen dúdlik as se yn de boppebou wer oergeane nei regulier ûnderwiis: harren taallinigens falt op en se doare harren goed út te drukken. Se rêde harren prima!”

Wat hat Taalryk de dosinten oant no ta brocht?

“De taaldosinten fiele harren sterke yn harren fak en fiele de frijheid om neist de reguliere lessen in soad inisjativen op dat mêd te ûntwikkeljen. Projekten yn ’e  klasse, mar ek in prachtich Open Leercentrum  mei in moderne biblioteek.”

Wat hat it dielnimmen oan de stjoergroep dysels brocht?

“Datst by elkoar yn ’e keuken sjen kinst, is goud wurdich. Dy ûnderfining soe ik mear skoallen yn Fryslân gunne!”

Deel dit artikel:


To top
TAALRYK: Ferfrissend en ynspirearjend - Taalplan Frysk 2030