Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 bringt de provinsje Fryslân foar alle skoallen yn it primêr ûnderwiis yn kaart hokker kearndoelen in skoalle foar it fak Frysk oanbiedt. Der binne bygelyks kearndoelen formulearre foar Frysk ferstean, lêze, prate en skriuwe. Dy kearndoelen binne wer yn Taalplan Frysk-profilen útwurke.
De profilen
Yn it primêr ûnderwiis binne der 7 profilen (profyl A oant en mei G). By profyl G wurde der gjin kearndoelen oanbean foar it Frysk. De profilen binne basearre op de kearndoelen Frysk út de Wet op het Primair Onderwijs (WPO).
Lês mear oer de Taalplan Frysk-profilen.
De provinsje Fryslân stelt ienris yn ‘e fjouwer jier in Taalplan Frysk-profyl fêst troch it útfieren fan in skoalbesite. Skoallen krije dêrmei ynsicht yn de besteande situaasje fan it (fak) Frysk op skoalle. Dêrneist formulearje alle skoallen ek in ambysje foar de kommende fjouwer jier. Yn dy ambysje omskriuwt de skoalle hoe’t sy nei in heger Taalplan Frysk-profyl tawurkje. Nei 4 jier folget der in nije skoalbesite.
Lês mear oer de skoalbesites.
It projekt Taalplan Frysk 2030 soarget foar de begelieding fan skoallen by it fuortsterkjen fan it oanbod Frysk yn it ûnderwiisprogramma. Sa is der foar alle skoallen in “skoalstiper”. Dat is in fêst kontaktpersoan foar de skoalle dy’t de skoalle helpt en advisearret by it útfieren fan de ambysjes fan de skoalle. Sa ferbetterje wy stap foar stap it nivo fan it Frysk ûnderwiis.
Lês mear oer de begelieding.
It is belangryk om learlingen, âlden en learkrêften bewust te meitsjen fan de mearwearde fan ûnderwiis yn en oer de Fryske taal en kultuer. Dêrom sette wy as projekt Taalplan Frysk 2030 yn op ferskate aktiviteiten en eveneminten. Tink dêrby oan eveneminten foar learlingen lykas SjONG junior en it Lyts Frysk Diktee . Foar learkrêften is der alle twa jier in ûnderwiiskongres om har ynspirearje en ynformearje te litten oer de nije ûntwikkelingen as it giet om metodiken en materiaal.
Sjoch foar alle eveneminten yn de aginda . Dêrneist is der omtinken foar it sichtber meitsjen fan it Frysk yn en om de skoalle. Besjoch it oanbod op dizze webside.
Learkrêften yn it primêr ûnderwiis yn Fryslân wurde foar it grutste part oplaat troch de pabû-oplieding by NHL Stenden. Dêrom sette wy út it projekt Taalplan Frysk 2030 wei yn op foldwaande omtinken foar de Fryske taal by dy oplieding. Mear dêroer is te lêzen op de side fan ûnderwiissektor heger ûnderwiis . Dêrneist binne der oanfoljende opliedingen sa as de post-hbû oplieding koördinator taal yn it basisûnderwiis fan NHL Stenden en de kursus Klasse Frysk. Dy basiskursus bestiet út acht ynspirearjende lessen dêr’t kursisten praktyske tips krije om de lessen Frysk sels op maat te meitsjen. De tema’s binne taalsosjology, berne- en jongereinliteratuer, skiednis, materiaal en oanbod. Dêrneist wurkje de kursisten oan de Fryske taalfeardigens.
Sjoch foar in folslein oersjoch fan oplieding en neiskoalling op de side oanbod.
Foar goed Frysk ûnderwiis is goed materiaal ûnmisber. Dêrom sette wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 yn op in breed en farieard oanbod oan materiaal. Sawol fysyk as digitaal. De digitale metoade is Spoar 8 mei 5 ûnderdielen: Temateek, Taalaktiviteiten, Lêsline, Projekten en Meunstertún. Dêrneist is foar alle nivo’s ek fysyk lesmateriaal beskikber.
Besjoch it folsleine oanbod oan materiaal foar primêr ûnderwiis.