SjONG junior

Twajierliks Frysk sjongfestival foar basisskoallen. En dat net allinne… It is ien grut muzikaal aventoer foar groep (6,) 7 en/of 8!

Beskriuwing

Folgje klassikaal de online muzykles fan Raynaud. Krij tips en trúks oer koarsang en sjong mei de groep sa moai mooglik in Frysk of meartalich liet. Wolle jim fierder? Stjoer it einresultaat op en meitsje kâns op in finaleplakje. De finaleskoallen skriuwe mei de klasse ûnder begelieding fan Raynaud en oare muzykprofessionals in eigen (skoal)liet. Dêrby wurdst folge troch de kamera’s fan Omrop Fryslân Tsjil. Mei dat eigen liet skitterest yn de grutte finale-show. Wa wurdt de winner fan SjONG junior?

  • SjONG junior wurdt elk even jier organisearre.

Mear ynformaasje

Sjoch op: www.sjong.frl.


To top
SjONG junior - Taalplan Frysk 2030