Tsjil

  • Primêr ûnderwiis

Omrop Fryslân Tsjil is it platfoarm foar bern en jongeren fan 2 oant en mei 15 jier. Omrop Fryslân Tsjil makket programma’s en fideo’s mei in edukatyf karakter yn it Frysk.

Beskriuwing

Op Omrop Fryslân Tsjil kinst alle programma’s fine foar bern fan 2 oant 15 jier. Neist de webside Omropfryslan.nl/tsjil, is der ek in Tsjil-app te downloaden yn de App- of Playstore. De content fan Tsjil is op alle wichtige socialmediaplatfoarmen te finen en slút oan by de belibbingswrâld fan de jeugd. Ynteraksje mei de doelgroep stiet sintraal en de Fryske taal en kultuer wurde dêrby as natuerlik gegeven beskôge. Flochs, drama en humor, it is hielendal fan no. Grutte kâns dat learlingen ek bûten de lessen om tsjille mei Tsjil. By Tsjil is oanfoljend lesmateriaal mei aktualiteiten en nijsgjirrichheden.

Mear ynformaasje

Sjoch op www.tsjil.omropfryslan.nl.


To top
Tsjil - Taalplan Frysk 2030