Lyts Frysk Diktee

Binne jimme learlingen net bang foar in útdaging en kinne se staverje as de bêste? Lit se skitterje by it Lyts Frysk Diktee. De finale fynt plak yn de deftige Steateseal fan it Provinsjehûs.

Beskriuwing

Sit de staveringskampioen fan Fryslân by dy op skoalle? Bern út groep 7 en 8 kinne meidwaan oan it Lyts Frysk Diktee. Yn ‘e klasse kinne se har kwalifisearje fia de foarronde. De allerbêsten stride dêrnei yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert om de heechste eare yn de finale. De dikteetekst wurdt alle jierren skreaun troch in bekende Fries. De organisaasje is yn hannen fan Afûk, Cedin, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

Mear ynformaasje

Sjoch op: www.fryskdiktee.nl


To top
Lyts Frysk Diktee - Taalplan Frysk 2030