Kursus Klasse Frysk

Yn 8 ynspirearjende lessen learsto alles watst nedich hast om dyn Fryske lessen WOW te meitsjen. De kursus is rjochte op de praktyk en nijsgjirrich foar dyn persoanlike ûntwikkeling.

Beskriuwing

Klasse Frysk is in kursus foar masters en juffen út it primêr ûnderwiis, dosinten út it fuortset ûnderwiis en foar learkrêften en dosinten út it spesjaal ûnderwiis. Yn  acht ynspirearjende lessen krijsto hânfetten om de Fryske lessen foarm te jaan en yn te spyljen op tema’s as berne- en jongereinliteratuer, Fryske skiednis en taalsosjology. Mei de aktive wurkfoarmen kinst fuort de oare deis al yn de eigen klasse oan de slach. De lessen binne megapraktysk en tige nijsgjirrich foar dyn persoanlike ûntwikkeling. Nei de kursus kinst noch fiif gearkomsten folgje om dyn eigen feardigens te ferbetterjen en it foech Frysk te heljen. De kursus fynt plak op NHL Stenden of op lokaasje. De lessen wurde jûn troch Marieke Swart, gastdosinten en Rianne Blokzijl.

Ald-kursisten oer Klasse Frysk:

  • ‘Klasse Frysk? Fleurich, ynspirearjend, tagonklik en tige brûkber yn ’e klasse, dit wolst net misse!’
  • ‘Nei ôfrin sit dyn rêchtas fol mei hânfetten om it Frysk op dyn skoalle mear en better foarm te jaan.’
  • ‘Elkenien wurdt entûsjast oer it Frysk troch dizze kursus!’

Mear ynformaasje

Sjoch op: Klasse Frysk – Cedin Cursus (cursussenvoorhetonderwijs.nl).


To top
Kursus Klasse Frysk - Taalplan Frysk 2030