Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Alle berne-opfanglokaasjes, skoallen en skoalbestjoeren yn Fryslân kinne fan 22 april oant en mei 30 septimber 2026 subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is fan ‘t jier € 1.000.000,- beskikber. De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030 en is ek opnommen yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer dy’t provinsje Fryslân en it Ryk sletten hawwe.

Subsydzje oanfreegje

De subsydzje kin oanfrege wurde fia de webside fan de provinsje Fryslân.

Fragen?

Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail: provincie@fryslan.frl.

To top
Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter - Taalplan Frysk 2030