Praat mar Toaniel is in projekt wêrby’t bern dwaande binne mei toaniellêzen. Sa stappe se sûnder it te witten oer de Fryske praat- en skriuwdrompel.
By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen , te praten en mooglik ek te skriuwen. De searje tekstboekjes bestiet út bekende titels, lykas Peter Pan, Junglebook en Oz. De measte stikken binne troch BIS (Berne Iepenloftspul) yn Easterwierrum opfierd. Se binne dêrnei bewurke en ree makke om op skoalle te brûken. By in stik as wat útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy projekten yn de metoade Spoar 8.
Foar it basisûnderwiis binne der 12 titels beskikber. Foar groep 5-6 en foar groep 7-8 binne der ferskate titels. Sjoch op de webside foar in folslein oersjoch fan alle beskikbere titels.
Foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis binne de folgjende 7 titels beskikber:
Sjoch op de webside fan Inspirerend Meertalig Onderwijs.