sKÂNS 5, it materiaal dat kânsen biedt foar in oanbod Fryske taal en kultuer foar it spesjaal ûnderwiis. It bestiet […]
sKÂNS 5, it materiaal dat kânsen biedt foar in oanbod Fryske taal en kultuer foar it spesjaal ûnderwiis. It bestiet út fiif blokken mei ynspirearjende materialen en ferskes om troch it jier hinne oan te sluten by besteande tema’s yn de klasse. De blokken rinne fan fakânsje oant fakânsje. Oanfoljend binne der lesbrieven makke by de ferskes fan SjONG junior, dit binne de ferskes fan it twajierlikse sjong evenemint yn it primêr ûnderwiis, wêrfan de ferskes de basis foarmje foar de lesmaterialen yn sKÂNS 5.
It materiaal fan sKÂNS 5 bestiet út it fysike map mei lesmateriaal en oanfoljende digitale ûnderdielen. Om it digitale oanbod fan sKÂNS 5 tagonklik te meitsjen foar de learkrêften en dosinten dy’t dermei wurkje, is in digitale omjouwing ynrjochte. Dizze wurket lykas as Spoar 8 en Searje 36 mei in ynloch foar learkrêften, dosinten en learlingen.
Om’t der yn it spesjaal ûnderwiis in soad ferskillen binne tusken learlingen wurdt net praat oer groepen, mar oer nivo’s. Binnen elts blok is der oanbod op fjouwer nivo’s. De aktiviteiten foar nivo 1 en 2 binne ôfstimd op learlingen mei in legere kognityf ûndersteuningsferlet. Hjir is sjoen nei materiaal dat ek foar âldere bern geskikt is om’t it net altyd giet om jonge learlingen, lykas yn it reguliere basisûnderwiis. De aktiviteiten binne klassikaal fan opset en kinne dien wurde mei de hiele groep. Yn it materiaal foar nivo 3 en 4 is de kar makke foar projekten, wêrby at sawol fysike as digitale ûnderdielen kombinearre binne. Dit is oerienkomstich mei de wurkwize fan de projekten yn Spoar 8, de metoade foar it reguliere basisûnderwiis en de wurkwize fan Searje 36 binnen it fuortset ûnderwiis.
Alle skoallen hawwe de metoade krigen, ynklusyf tagong ta de digitale materialen dy’t dêrby hearre.