Taal yn Byld is in projekt oer de rykdom fan de ferskate memmetalen fan learlingen. Mei posters wurde dizze talen letterlik yn byld brocht om ferbining te bringen tusken bern, learkrêft en âlden. TaalTroost is de online ferzje fan Taal yn Byld.
‘Witte jim wol dat der yn ús klasse, yn ús wyk in hiel soad taalskatten ferburgen lizze?’ De learlingen sjogge de dosint ferwûndere oan. ‘Jaseker, want wa praat der yn ús klasse in oare taal as de taal dy’t wy op skoalle prate?’ Dat is it begjin fan it projekt Taal yn Byld, in boeiende ûntdekkingstocht foar sawol learkrêften, learlingen as âlden. It is fijn om dyn memmetaal hearre en sjen te litten yn dyn klasse. Dat kin Frysk, Nederlânsk, Arabysk, Hebriuwsk of in oare taal wêze. Mei Taal yn Byld ûntdekke learlingen ferskillen en oerienkomsten tusken ferskillende talen. Learlingen freegje âlden nei in moaie sin of spreuk yn harren memmetaal en wurkje dy dêrnei út yn byld.
Sjoch op de webside fan Inspirerend Meertalig Onderwijs.