Skoalbesites yn it spesjaal ûnderwiis

De provinsje wol alle bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen, as memmetaal of as ekstra taal. Dat jildt ek foar de bern dy’t nei it (fuortset) spesjaal ûnderwiis gean. It is ommers bekend dat omtinken foar de memmetaal posityf bydraacht oan de sosjale en emosjonele ûntwikkeling, de sosjale feiligens en de taalûntwikkeling fan learlingen. In grut part fan de learlingen bliuwt op lettere leeftiid ek wenjen en wurkjen yn Fryslân. Kennis fan de Fryske taal en kultuer jout dan in streepke foar.

De provinsje Fryslân hat yn it Taalplan Frysk 2030 projekt foar elk fan de ûnderwiissektoaren langetermyndoelstellings (oant 2030) formulearre. Foar it spesjaal ûnderwiis is de haaddoelstelling: Alle skoallen (dy’t yn it Fryske taalgebiet falle) hawwe oandacht foar de thústaal fan it Fryske bern.

It is de bedoeling dat dizze doelstelling mei it ûnderwiisfjild mear foarm krije sil. Hoe sjocht dy oandacht der op dit stuit út by jo op skoalle? Rinne jimme der miskien wol tsjinoan dat jim net goed witte hoe’t dy oandacht foar de thústaal goed ta syn rjocht komt? Dit binne allerhande fragen dy’t by de skoalbesite bepraat wurde sille.

Proseduere foar de skoalbesite:

  1. Ofspraak: NHL Stenden Hogeschool nimt kontakt mei jo op om in ôfspraak te meitsjen foar in petear. Wy freegje jo alfêst nei te tinken oer wat in gaadlik momint foar jo is. As jo al in geskikt momint yn gedachten hawwe, dan kinne jo ek it inisjatyf nimme foar it meitsjen fan in ôfspraak troch kontakt op te nimmen mei mefrou Nynke Anna Varkevisser fan de NHL Stenden Hogeschool fia nynkevarkevisser@nhlstenden.com.
  2. Fragelist: Foar it petear is in koarte fragelist opsteld. Wy freegje jo dy yn it foar te besjen. Jo krije nei it plannen fan de ôfspraak fan de NHL Stenden Hogeschool in e-mail mei in link nei de digitale fragelist.
  3. Skoalbesite: De ûndersiker fan NHL Stenden Hogeschool komt tegearre mei in saneamde skoalstiper by jo op skoalle. Mei-inoar wurdt it plak fan Frysk en meartaligens op skoalle bepraat en kinne jim winsken en suggestjes foar de fersterking dêrfan oanjaan.
  4. Ferfolch: De gegevens út it petear sille mei de gegevens fan de spesjaal basisûnderwiis skoallen en it praktykûnderwiis sammele en útwurke wurde yn it Taalplan Frysk rapport. Dêr kinne jo dan ek de befiningen fan de oare skoallen yn lêze. Dêrnjonken hâldt de skoalstiper kontakt mei jo skoalle. Tegearre kin sjoen wurde nei hoe’t de winsken en suggestjes dy’t der lizze it bêst oppakt wurde kinne. Boppedat kin de skoalstiper jo ek advisearje by it meitsjen fan in kar út it beskikbere oanbod fan materiaal, útstapkes, oplieding en neiskoalling. Foar it bekostigjen dêrfan is de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter beskikber. De skoalstiper kin stypje by it oanfreegjen dêrfan.
To top
Skoalbesites yn it spesjaal ûnderwiis - Taalplan Frysk 2030