Kwalitatyf meartalich ûnderwiis mei ekstra omtinken foar Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Skoallen dogge dat mei in eigen ynkleuring.
In trijetalige skoalle ûnderskiedt him troch kwalitatyf goed trijetalich ûnderwiis (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk) yn in meartalige kontekst. Dit betsjut dat de meartaligens fan alle bern posityf wurdearre, stimulearre en benut wurdt. Dêrneist wurket in trijetalige skoalle doelrjochte oan ‘e taalûntwikkeling Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Trijetalige skoallen biede de trije ferplichte skoalletalen oan as fak en as fier- en ynstruksjetaal by oare fakken en aktiviteiten. Trijetalige skoallen biede op dizze wize mear kânsen oan learlingen om de ûnderskate talen te ûntwikkeljen.
Sjoch op de webside fan Cedin.