Berneboekewike en meartaligens

Alle jierren organisearret it “Team Ynspirearjend Meartalich Underwiis” in Masterclass passend by it tema fan de lanlike Berneboekewike. Dêroan jouwe wy fansels ús eigen meartalige draai! De dielnimmers krije praktyske hanfetten en materialen om daliks mei oan ’e slach te kinnen.

Beskriuwing

Alle jierren hawwe learkrêften, taalkoördinators, lêskonsulinten, lêskoördinators yn septimber de mooglikheid om de masterclass ‘Ynspirearjend Meartalich Underwiis & de Berneboekewike’ by te wenjen.

By de masterclass wurdt in ferskaat oan ynspirearjende meartalige wurkfoarmen presintearre sadat dielnimmers yn de kunde komme kinne mei dy wurkwizen. Dielnimmers komme thús mei in skat oan lêsideeën yn de foarm fan in poster foar eltse bou, mei de lesreis basearre op in Frysktalich berneboek en keppele oan it tema fan de Berneboekewike fan dat jier. Skaaimerk fan de lesreizen is dat de lessen mei inoar ferbûn binne (as in reis) én it tema fan de Berneboekewike ferdjipje.

Mear ynformaasje

Sjoch op de webside fan Inspirerend Meertalig Onderwijs.


To top
Berneboekewike en meartaligens - Taalplan Frysk 2030