De Brêge út Skarsterbrêge wint SjONG junior 2026

13 juny 2026

Nei in spannende finale is De Brêge út Skarsterbrêge de winner fan SjONG junior 2026 wurden. De skoalle giet der mei de earste priis fan troch. Se wûnen mei it ferske ‘De Brêge’, in oade oan harren eigen doarp.

De sjuery wie hiel entûsjast oer it optreden fan de skoalle. “Wy hearden goede solo’s en der waard troch it koar ek hiel suver songen mei passende bewegingen.” De finale waard freedtejûn holden yn De Lawei yn Drachten. Acht skoallen út hiel Fryslân hawwe optreden foar de profesjonele sjuery dy’t bestie út: Paul Horjus, Janneke Brakels en Mayte Veenstra. De presintaasje fan de finale wie yn hannen fan Raynaud Ritsma. De winnende skoalle gie, neist de earste priis, nei hûs mei de ‘Karin de Jong Wikseltrofee’. Se meie ek noch in videoclip by harren nûmer opnimme.

Twadde, tredde prijs en promopriis

Twadde waard Sint Radbodus út Dronryp mei ‘Himelplein’, in nûmer oer Eise Eisinga. Ek hjiroer wie de sjuery bot te sprekken: “Hast alles kloppe, dizze groep die it fantastysk en kaam mei in moaie goreografy.” De Ds. Hasperskoalle út Akkrum gie mei de tredde priis nei hûs mei ‘Ferdivedaasje’, in nûmer oer de Akkrumse tradysje Slingeraap. “Dizze groep hie in fantastyske enerzjy en foarme in prachtich gehiel”, wiene de wurden fan de sjuery.

Ek dit jier wier der wer in promopriis te winnen. De skoallen moasten hjirfoar harren eigen ferske sa goed mogelik promoatsje. In soad skoallen hawwe hjir bot har bêst op dien, mar it wie úteinlik de Máxima skoalle út Ljouwert dy’t der mei mear as 25.000 views en streams mei de Promopriis fan troch gie.

Tredde album op Spotify

Alle ferskes fan de finalisten steane op in nij album op Spotify. Op dit ûndertusken tredde album fan SjONG junior steane Fryske ferskes foar én troch basisskoallebern. De oerienkomst? De ferskes geane stik foar stik oer de eigen omjouwing fan de bern. De skoallen It Anker út Dronryp, Ds. Hasperskoalle fan Akkrum, Sint Radbodus út Dronryp, Sint Jozef fan De Lemmer, De Brêge út Skarsterbrêge, Dr J. Botkeskoalle út Damwâld, Fûgelsang fan Berltsum en Máxima út Ljouwert hawwe allegearre in plakje op it album. Yn ‘e mande mei presintator en muzikant Raynaud Ritsma skreaune de klassen in eigen songtekst mei as tema ‘Wat út dyn omjouwing fertsjinnet in ferske’?

SjONG junior

SjONG junior is in projekt dat troch it hiele skoaljier in rol spilet: audysje dwaan, it skriuwen fan in eigen sjongtekst, opnames foar Tsjil, it opnimmen fan it liet yn de studio, it meitsjen fan dekôr, klean en promoasje en fansels in soad oefenje! Skoallen dy’t net dielnimme, kinne wol gebrûk meitsje fan it lesmateriaal by de ferskes, dat te finen is op: https://www.sjong.frl/sjong-junior/lesmateriaal/

Foto: Deborah Veendorp.

Deel dit artikel:


To top
De Brêge út Skarsterbrêge wint SjONG junior 2026 - Taalplan Frysk 2030