Fierder mei Frysk: de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út fuortset ûnderwiis en mbû fynt dit jier plak op tongersdei 5 novimber by NHL Stenden. Wy binne drok dwaande om in moai en ynspirearjend programma foar jim te meitsjen.
Wy ljochtsje alfêst in tipke fan ‘e wale op: it plenêre part stiet yn it teken fan Kneppelfreed. Yn oktober komt der in graphic novel út dêr’t ek materiaal by makke is. Rinskje Braaksma sil jim fertelle hoe’t jim dit ynsette kinne yn it fû, der is in optreden fan winners fan FeRstival 2026, in boekemerk en fansels inspirearjende wurkwinkels mei tema’s lykas kultuerbewustwêzen, taalekspresje, taalbewustwêzen en lêze yn it fû. En… elk giet mei in aardich presintsje nei hûs.
Mear ynformaasje en oanmelde (oant 22 oktober 2026)? Sjoch op: www.taalplan.frl/fierdermeifrysk