30 oktober: stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 2025

Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s.

  • FIERDER MEI FRYSK 2025
  • Datum: 30 oktober 2025 | NHL Stenden Hegeskoalle Ljouwert

Hoe krije wy learlingen entûsjast om te skriuwen yn it Frysk? Dy fraach stie sintraal yn it projekt MultiLit Fryslân. Lektor meartaligens en skriftlike taalbehearsking Mirjam Günther en dosint-ûndersiker Myrthe Coret-Bergstra fan NHL Stenden Hegeskoalle fierden mei kollega’s dit ûndersyk út op ferskeidene fû- en mbû-skoallen yn Fryslân. It ûndersyk die bliken dat de motivaasje fan jongeren om Frysk te skriuwen op skoalle net altyd like heech is, wylst se de taal wol regelmjjittich brûke op sosjale media. Binnen MultiLit Fryslân waard ûndersocht hoe’t it Frysk skriuwen yn de frije tiid en it skriuwen op skoalle better mei elkoar ferbûn wurde kin. Yn de keynote nimme de ûndersikers dy yn 3 stappen mei:

1 – hoe’t learlingen skriuwe yn har frije tijd – wêrom appe se wol/net yn it Frysk?

2 – de stim fan de learling – wat motivearret learlingen om Frysk te skriuwen? 

3 – fan ynsjoch nei klassepraktyk – konkrete tips en hânfetten foar it ûntwerpen fan skriuwlessen. 

Dêrneist binne der ynspirearjende wurkwinkels dy’t oanslute op ferskate kearndoelen.  

Bist ynteresearre yn de oplieding Frysk? Dan is der op dizze dei ek de mooglikheid om in kolleezje by te wenjen en fragen te stellen oer de oplieding. Fan 13.00 oant 14.30 oere kinst oanskowe by ‘Lêsdossier’ (it bepraten fan ‘Anna’ fan Aggie van der Meer ûnder lieding fan ien fan de dosinten) of by ‘Taalkennis’ (in kwis oer de stof dy’t behannele is, yn de styl fan “2 voor twaalf”). Op it oanmeldformulier kinst oanfinke oftst komst en dan kinst ek de kar foar it kolleezje trochjaan.

Ta eintsjebeslút is der in buorrel dêr’t elk alle ynformaasje útwikselje kin ûnder it geniet fan in hapke en in drankje. De stúdzjemiddei is fergees. Wy hoopje safolle mooglik dosinten en studinten wolkom te hjitten!

Programma
14.45 Ynrin
15.15 Iepening
15.25 Plenêr part mei Mirjam Günther en Myrthe Coret-Bergstra en in spetterjend optreden fan winners fan SjONG 2025.
16.45 Wurkwinkel 1
17:30 Diner mei boekemerk en tentoanstelling fan winnende wurkstikken Grutte Fryske Wurkstikpriis
18.35 Wurkwinkel 2
19:20 Ofsluting, buorrel en neiprate

Oanmelde
Oanmelde kin oant 16 oktober

Oersjoch wurkwinkels

1.      # DIMF. Dat is moai Frysk.

Stephan Berger: Projektmeiwurker ûnderwiis Afûk en Lisa Boersma: Projektkoördinator ûnderwiis Afûk.

Alle talen binne unyk en hawwe sa harren eigenaardichheden. It Frysk is dêr net oars yn. Dochs wurde, troch ynfloed fan it Nederlânsk of Ingelsk, fan dy typysk Fryske wurden of taalgebrûk wolris fergetten, of beynfloede. It nije boekje ‘Dat is moai Frysk!’ behannelet krekt dát typyske Frysk. Ferskillen tusken it Frysk en it Nederlânsk, faak makke flaters en ferdjipping yn siswizen, alles komt mei in sûne poarsje humor foar it fuotljocht. It boek bestiet út seis haadstikken, folle mei ferhaaltsjes, útlis, puzels en benammen in protte yllustraasjes. Der steane sels inkelde sykplaten yn foar oeren oan Fryske ferdivedaasje. Yn dizze wurkwinkel stiet itselde ûnderwerp sintraal. Wy beprate wat it Frysk no sa typysk makket, mar fansels ek hoe’tsto mei learlingen oer Frysk idioom prate kinst. Want neist it boekje sille wy fia Searje 36 in protte lesmateriaal oanbiede om te brûken yn klasse 3 en heger. Doch mei ús mei en reitsje ek yn de besnijing fan dat moaie Frysk.

2.      Lêsno: ja, fansels!

Marije Hoogland: Underwiisadviseur Cedin.

Nijsgjirrich nei hoe’tst lêsbefoardering en literatueredukaasje in plak jaan kinst yn dyn lessen Frysk foar brêgeklassers? Kom dan del by de wurkwinkel “LêsNo; ja, fansels!”. Yn dizze wurkwinkel nimt Marije Hoogland jim mei yn
… in stikje skiednis fan LêsNo;
… hoe’t troch ferskate partijen gearwurke wurdt om in boek, lesmateriaal en in multimediale keppeling te ûntwikkeljen;
… wat de filosofy efter it lesmateriaal is (trijeslach fan Biesta);
… opsjes om LêsNo in plak yn dyn planning te jaan;
… hoe’t troch taalstipe en differinsjaasje LêsNo foar al dyn learlingen tagonklik is.

3.      Nij eksamenprogramma Fryske Taal en Kultuer

Idske Bangma: Dosint Frysk op Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer.

Bisto benijd nei de fernijing fan de eksamenprogramma’s Fryske taal en kultuer? Dan is dizze wurkwinkel foar dy! Yn dit skoaljier sille wy de ‘fase van beproeven’ yn: in spannende stap dêr’t wy mei dosinten oan ’e slach sille mei de nije eintermen dy’t de fakfernijingskommisje (û.l.f. SLO) yn gearwurking mei it fjild ûntwikkele hat. Yn de wurkwinkel krijst heldere útlis oer de ynhâld en opbou fan de fernijde programma’s. Do giest sels oan ‘e slach mei opdrachten en wurkfoarmen dy’t passe by de nije eintermen. Der is romte om ûnderfiningen te dielen mei kollega’s en mei-inoar nei te tinken oer kânsen en útdagingen. Wat wurket al goed yn dyn lespraktyk en hokker kânsen sjochst? Wêr lizze noch fragen of knipepunten? Mei-inoar ferkenne wy de mooglikheden fan it fak Fryske taal en kultuer yn de boppebou yn in aktuele en betsjuttingsfolle kontekst. Do giest nei hûs mei ynspiraasje, praktyske ideeën én in helder byld fan wat der de kommende jierren barre sil.

Idske Bangma is dosint Frysk op csg Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer. Har skoalle docht dit skoaljier mei, mei noch acht oare skoallen, oan de saneamde ‘ fase van beproeven. ’ De skoallen sille nije ynhâlden út de konsepteksamenprogramma’s (en – syllaby) útprobearje yn de ûnderwiispraktyk én krije mei-inoar ûntwikkeltiid om ûnderwiis – en toetsmateriaal te ûntwikkeljen. Se dogge dat ûnder lieding fan Nellianne van Schaik fan it SLO.

4.      Op paad mei it ferline: Fryske skiednis yn de praktyk

Jacob Roep: Koördinator publyksprojekten en edukator by Tresoar.

Hoe makkest de Fryske Skiednis libben en yspirearjend foar dyn learlingen? Hokker mooglikheden binne der bûten en yn de klasse? En hoe kin it Frysk dêroan bydrage? By dizze wurkwinkel krijst konkrete foarbylden fan Fryske tema’s mei lesideeën en opdrachten foar de ûnder-, midden- en boppebou. Do krigest tips foar ynspiraasje en in oersjoch fan websides foar (Frysk) lesmateriaal. Mei dizze tips en ynspiraasje makkesto sels in les foar dyn klasse. Kies in tema út de Fryske skiednis (bg. foar in temawike) en wurkje dat út as aktiviteit foar dyn les. Betink in ynteressante ekskurzje, opdracht of wurkfoarm en keppelje dy oan it Frysk. Sa wurkje dyn learlingen oan Fryske kearndoelen.

5.      Fan tip nei praktyk: oan ‘e slach mei Frysk skriuwen

Mirjam Günther: Lektor Meartaligens en Skriftlike Taalbehearsking en Myrthe Coret-Bergstra: Dosint ûndersiker by NHL Stenden.

Yn dizze workshop giest oan ’e slach mei de tips & tricks út de plenêre sesje oer Frysk skriuwen. Do ûntwerpst sels lesideeën dy’tst fuortendaliks yn dyn lessen brûke kinst. Sa kinst bygelyks in betsjuttingsfolle skriuwopdracht ûntwerpe. Ek kinst tinke oan in wurkfoarm om de belibbingswrâld fan dyn learlingen yn byld te krijen, sadat dyn takomstige (skriuw)lessen dêr goed by oanslute.

 6.      Keunstryk

Jehannes Reitsma: Kultuerferbiner edukaasje Noardeast-Fryslân en Anja Morsink: Dosint byldzjend/ûndersiker akademy primêr ûnderwiis en lektoraat meartaligens en taalfeardigens.

Wat ûntstiet der ast goed taalûnderwiis en goed kultuerûnderwiis kombinearrest? Dat komst allinne mar oan ‘e weet troch it te dwaan. En dat is minder yngewikkeld as dat it klinkt. Keunstryk jout alle yngrediïnten, praktyske ynstruminten en in prosesbegelieder, in keunstner en in taalspesjalist dy’t mei dyn skoalle meitinke oer in ûntwerp dat passet by dyn skoalle. De keunstner fiert it ûntwerp mei de leararen út. Yn dizze wurkwinkels nimme wy jim mei yn de wurkwize fan Keunstryk: wy fertelle der wat oer, mar wy litte jim fansels ek sels ûnderfine hoe’t de keppeling fan taal en keunst de taalkontekst en dêrmei ek de taalwille fergruttet.

Oanmelde

Fierder mei Frysk 2025
Wurkwinkel 1
Wurkwinkel 2
Kies in tredde wurkwinkel as reserve-opsje
Ekstra: ik bin ynteressearre yn de oplieding Frysk en kom dêrom nei ien fan de kolleezjes fan NHL Stenden, fan 13.00 oant 14.30 oere
To top
30 oktober: stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 2025 – Taalplan Frysk 2030