Skoallen en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân kinne fan 31 maart 2025 ôf wer in subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is 600.000 euro beskikber, op is op.
Brosjuere
Der is in brosjuere beskikber mei wiidweidige ynfo oer de regeling.
Projektplan
Foar it oanfreegjen fan subsydzje is in projektplan nedich. Om dy mei it projektplan op wei te helpen, is in Helpmiddel beskikber.
Subsydzje oanfreegje
De subsydzje kin oanfrege wurde fia de webside fan de provinsje Fryslân.
Fragen?
Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail: provincie@fryslan.frl.