Mei it skoalteam wurkje oan it Frysk op de Westermarskoalle op ‘e Jouwer

Beskriuwing

De Westermarskoalle op ‘e Jouwer wol it Frysk graach in ympuls jaan op harren skoalle. Dêrom folgen se mei it hiele team de kursus Klasse Frysk. Mei de kursus Klasse Frysk krije juffen en masters yn it basisûnderwiis en dosinten yn it fuortset ûnderwiis yn acht lessen hânfetten om de Fryske lessen foarm te jaan en yn te spyljen op tema’s as berne- en jongereinliteratuer, Fryske skiednis en taalsosjology. De acht lessen kinne troch learkrêften mei in PABO-diploma oanfolle wurde mei fjouwer ekstra lessen skriuwfeardigens. Sy helje dan it Foech Frysk foar it basisûnderwiis.

Mear ynformaasje? Sjoch hjir.


To top
Mei it skoalteam wurkje oan it Frysk op de Westermarskoalle op 'e Jouwer - Taalplan Frysk 2030