Wolsto op in leechdrompelige manier wurkje oan it Frysk en meartaligens? Dan is de Meartalige taalrûnte hiel geskikt! Trainers Klarinske de Roos en Tjitske van Akker fertelle yn dit filmke oer dizze wurkwize dy’t skoallen mei begelieding in plak yn it ûnderwiis jaan kinne. De Meartalige taalrûnte besteget omtinken oan alle domeinen fan taal. Sawol harkjen, skriuwen, yn petear en foarlêzen komme oan bod. Dizze wurkwize is passend foar alle groepen yn it primêr ûnderwiis. Learkrêft Antje Alkema fertelt hoe’t sy de wurkwize tapast yn de lessen. Sa kinst mei de Meartalige taalrûnte op in natuerlike wize wurkje mei ferskillende nivo’s foar de learlingen.
Mear witte oer de Meartalige taalrûnte? Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis.