Sepkje Tiesema, learkrêft fan SBÛ De Bolder yn Frjentsjer fertelt:
De masterclass gie oer meartaligens. It wie de earste kear dat ik hjir oan meidie en ik wie nijsgjirrich. Ik fûn de masterclass hiel ynteressant. Bern leare oare talen troch der mei yn oanrekking te kommen.
We binne as dielnimmers yn de kunde kommen mei leuke wurkwizen sa as bygelyks Skriuw en draaf. Der wiene platen op de gong en yn de klasse krigest fragen oer de platen. Ien fraach wie konkreet; ien dy’st fine koest en twa nijsgjirrige dielfragen om oare talen ek te stimulearjen. Bygelyks: wat is it Ingelske wurd foar flinter?
In oare wurkwize wie dat der platen út in printeboek ophongen wiene. De opdracht wie: Sjoch twa minuten nei de platen. De petearlieder frege dan: wat sjochst? Wat tinkst dat der bard is? Werom tinkst dat? Eltsenien tocht wer wat oars. Sa rekkest yn petear, brûkst taal en giest spekulearjen oer wat der bart wêze kin. Hiel goed ta te pasjen yn myn klasse.
It wie in ynspirearjende middei. Troch bern yn oanrekking te bringen mei oare talen, fergrutsje wy net allinnich harren taalbewustwêzen, mar leare wy harren ek dat meartaligens in krêft is!