Op woansdei 18 febrewaris 2026 is op basisskoalle De Ikker yn Blije it earste ‘Lês-mar-sels-boek’ fan Keimpe de Krokodil feestlik yntrodusearre.
It wie feest foar de bern yn groep 3 en 4, mei ûnder oaren in lês&syk-spultsje, in workshop Keimpe-tekenjen fan Aart Cornelissen en in optreden fan Melissa en Sytse mei de Keimpe-Lêsrap. Mei it boek ‘Lês mar sels!’ kinne begjinnende lêzers harren Frysk lêzen oefenje en allegear aventoeren belibje.
‘Lês mar sels!’ is no te keap yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel en yn de websjop!