De Twine yn Drylts is in skoalle dy’t de lêste jierren in grutte stap makke hat yn it oanbieden fan Frysk. Wêr’t it earder in los fak wie, binne der no bredere ôfspraken makke oer it brûken fan it Frysk, ek by oare fakken. Hjirmei ûntstiet mear in trochgeande line fan pjut nei groep 8. Dy ûntwikkeling is net samar kommen, mar is it resultaat fan gearwurking tusken ferskate partijen en in dúdlike fyzje op meartaligens.
Fan losse lessen nei romte foar yntegrearre ûnderwiis
Op de foarskoalske opfang Lyts Yleke wie it Frysk al jierren fanselssprekkend: de opfang en ynstruksjetaal fan de pedagogysk meiwurkers is sawat 70% Frysk. Mar op de basisskoalle wie dat oars. Elly Attema, ûnderwiisadviseur fan Cedin en skoalstiper op De Twine: “Bûten it fak om wie eins alles yn it Nederlânsk. Foar jonge bern yn groep 1 wie dit in hiel ferskil mei wat sy wend wiene op de opfang”. Dat feroare doe’t in learkrêft fan de ûnderbou nijsgjirrich waard nei hoe’t Lyts Yleke mei twataligens omgiet. Hy seach dêr hoe’t jonge bern taal oppakke út ynteraksje en it gemak wêrmei pjutten de Fryske taal ferstean en aktyf brûke– in ynsjoch dat ek foar de ûnderbou fan belang is.
Lyts Yleke is oansletten by SFBO – kennissintrum meartaligens jonge bern. De by SFBO oansletten opfanglokaasjes wurkje neffens de ynternasjonaal bekende dual-immersion metoade. Dy oanpak giet út fan it fermogen fan bern om in twadde taal boartsjendewei op te pakken – sa’t se ek har earste taal ûntwikkelje. Bern leare de betsjutting fan wurden út de kontekst, hannelingen, rituelen, ynteraksje. Yn de foarskoalske perioade wurdt by de ‘dual immersion’ oanpak in soad omtinken jûn oan de minderheidstaal mei as reden dat de mearderheidstaal op oare plakken dominant is.
Doe’t de learkrêft fan De Twine delkaam op Lyts Yleke wie Sjoeke Kampen, konsulinte fan SFBO, krekt op de opfang foar in begeliedingsbesite en rekke yn petear mei de learkrêft. “Troch dy besite en ferskate gearkomsten mei pedagogysk profesjonals, learkrêften, direkteur Anke en Elly is stadichoan in belied ûntwikkele,” seit Sjoeke. Dat belied hat as kearn dat Frysk net allinnich in fak is, mar in doeltaal yn de deistige praktyk. Underwilens hawwe der in soad persoanielswiksels west. Mar de motivaasje om meartaligens en it Frysk in goed plak te jaan is bleaun.
De driuwende krêft
Direkteur Anke van der Kuur fan de Twine spile in wichtige rol. Sy is fan betinken dat Frysk net allinnich as fak oanbean wurde moat, mar ek natuerlik brûkt wurde moat troch de hiele skoalle hinne – lykas dat it gefal is yn Drylts sels. Boppedat wie der ek draachflak ûnder de âlden om mear mei it Frysk te dwaan. De komst fan Oekraïnske bern wie in ekstra oanlieding om breder nei meartaligens te sjen. Alle basisskoallen beskikke troch Taalplan Frysk 2030 oer in Skoalstiper, dy’t dit soarte fan prosessen begeliede kin en dy’t materialen, aktiviteiten en oare mooglikheiden oandrage kin dy’t by de skoalle passe.
Hoe sjocht de oanpak derút?
Sûnt de petearen oer de trochgeande line meartaligens op gong kamen, binne de folgjende ôfspraken makke oer de ynset fan it Frysk en it Nederlânsk:
Der binne kwaliteitskaarten ûntwikkele, en der binne fêste ôfspraken oer wat elke groep docht. Frysk wurdt brûkt yn projekten, by kulturele aktiviteiten en as kommunikaasjemiddel. Mei subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns binne ekstra aktiviteiten mooglik makke, en it team folge in Spoar 8-training foar ymplemintaasje fan de metoade en it plakjaan oan meartalich ûnderwiis. By de oergongspetearkes tusken de opfang en de ûnderbou wurdt de twatalige ûntwikkeling fan de bern ek as fêst punt meinommen. Sjoeke Kampen: “Foaral de pedagogysk profesjonals binne der ó sa wiis mei. It is hiel ynspirearjend om te witten dat wêr’t jo yn ynvestearre hawwe op de opfang ek trochset wurdt yn it ferfolchûnderwiis.”
Om in sichtbere trochgeande line fan foar- nei ierskoalsk te befoarderjen en inoar te fersterkjen op bewust Frysktalich/ meartalich oanbod, is der it folgjende begeliedings oanbod:
Oanbod foarskoalsk:
Oanbod ierskoalsk 1-2- (3) (en fierder):